De Fryske Marren is in útsûndering: posityf finansjeel resultaat

29 jul 2020 - 14:00

Gemeente De Fryske Marren hâldt oer ferline jier mear as in miljoen euro oer. Dat is mear as in kear safolle as ferwachte. It positive resultaat komt benammen troch de ferkeap fan grûn foar huzebou en bedriuweterreinen, seit wethâlder Jos Boerland.

It gemeentehûs fan De Fryske Marren op De Jouwer - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"We zijn dat nog steeds aan doorontwikkelen, er is veel grond nodig voor de huizenbouw", fertelt Boerland. "Er is veel behoefte aan nieuwe huizen, dat is nog steeds zo. En de economische situatie maakt dat bedrijventerreinen ook goed verkocht worden momenteel."

Utsûndering

De Fryske Marren is in útsûndering, want de measte gemeenten meitsje ferlies. Dat soe yn De Fryske Marren ek sa wêze, as de finansjele tafallers net hân hiene. Der is in soad noed oer de kosten fan de jeugdsoarch. "We kregen een taak: kom niet aan het sociaal domein. Dat is toch een groot deel van onze kostenpost, zo'n 50 miljoen euro."

It miljoen dat de gemeente no oerhâldt, is noch net allegear útjûn. "Van de raad mogen we dat inzetten om het bedrijventerrein te doorontwikkelen. Daar gaat wat geld naartoe. De rest gaat in de reservepot."

Unwissigens oer takomst

Boerland wit net hoe't it takom jier komt. "Dat is lastig. We hopen dat we een heel end komen met de tegemoetkoming uit het Rijk voor de coronacrisis, maar er zijn ontwikkelingen waar we nu heel weinig grip op hebben. We weten niet wat er allemaal nog gaat gebeuren. Gelukkig gaan de verkopen waar we vorig jaar onze voordelen uit haalden nog gewoon door."

Wethâlder Jos Boerland

(advertinsje)
(advertinsje)