Fryske jachthavens lizze fol; soad drokte op it wetter

29 jul 2020 - 13:05

It is dizze simmer smoardrok op it wetter yn Fryslân. By de Dokkumer Ie lizze de boaten fan Ljouwert oant Dokkum achterinoar. Jachthavens ferkeapje dizze dagen allinnich noch mar nee oan minsken dy't noch in plakje sykje.

De famylje Peeters is foar it earst op fakânsje yn Nederlân. "Dat bevalt heel goed. Het is wel druk, maar we hebben geen haast dus het is niet erg als we een keer moeten wachten." Om plak te krijen hat de heit noch wol in tip: "mijn vrouw belt met de havenmeester, dat is een goede tactiek." Nei Dokkum farre se troch nei Makkum.

150 boaten yn Dokkum

Neffens havenmaster Gerke Jagersma is it net drokker as oars mei de boufak, wol binne der mear fearten. "Ek is it earder begûn as oars. Yn juny lei it hjir al fol. Der binne sa'n 150 lisplakken yn Dokkum, we helpe wol om de boaten safolle mooglik oanskowe te litten. Ast noch wetter sjochst, is de haven net fol. We sykje altyd noch wol in plakje foar de minsken."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Willem Vermeltfoort is yn Dokkum

Fol yn Ljouwert

Neffens de gemeente Ljouwert lizze de havens yn de gemeente fol. Opfallend is dat it dit jier oars drok is. Boatsjefarders sykje earder op de dei in plakje en se lizze minder ticht op inoar. Oare jierren lizze se soms wol trije, fjouwer boaten neist inoar oan de wâl en dat dogge de minsken dit jier net, nei alle gedachten fanwegen corona.

Súdwest-Fryslân

Ek de gemeente Súdwest-Fryslân meldt dat de havens fol lizze. Mar, seit de wurdfierder fan de gemeente derby, dat is oare jierren ek sa yn de boufak.

Fierder is it opfallend dat der mear minsken binne dy't foar ien dei in boat hiere.

(advertinsje)
(advertinsje)