"Ik fyn it âlde skûtsje folle moaier as it skûtsje dêr't se no op sile"

29 jul 2020 - 12:00

It Salverdaskûtsje wie de earste kampioen yn de skiednis fan de SKS. Klaas van der Meulen waard der yn 1945 kampioen mei en werhelle dat yn 1947, '51 en '54. Uteinlik kaam der in oar skûtsje foar Starum en fertutearze it Salverdaskûtsje.

No wurdt it wer hielendal opknapt:

De namme Salverdaskûtsje komt fan de famylje Salverda, dy't eigener wie. It wie in echte skûtsjefamylje dy't op jierdeis kofjekopkes brûkten om sylsituaasjes nei te dwaan.

De stichting wol no it skûtsje ferkeapje. Mei pine yn it hert, mar se wolle graach dat it wer sylt en der wer minsken wille mei belibje kinne.

It Salverdaskûtsje wurdt opknapt - Foto: Omrop Fryslân

Te gast yn it Skûtsjesjoernaal binne woansdei Douwe Visser, skipper fan Grou en Hans Wassenaar, dy't oars op dizze woansdei syn keningstitel op de PC ferdigenje soe. Mar ek dat giet net troch fanwege corona.

De oade oan it skûtsjesilen komt fan Gjalt de Jong.

Foto: Omrop Fryslan

It Skûtsjesjoernaal is twa wiken lang te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De útstjoeringen komme alle dagen út it skûtsjemuseum yn Earnewâld wei. Alle dagen skowe der twa gasten oan by de tafel fan presintator Simone Scheffer. Dêrby is der fansels wiidweidich oandacht foar de grutte ferhalen, de stoere skippers en de legindaryske anekdoaten fan eartiids.

Neist de petearen oan tafel binne yn it programma histoaryske reportaazjes oer de skiednis fan de SKS te sjen. Fierder sille ferskate keunstners in oade bringe oer har gefoel by it skûtsjesilen. It programma is te sjen fan moandei 20 july oant en mei freed 31 july.

(advertinsje)
(advertinsje)