Ljouwerter City Train spant dochs koart pleit oan

De City Train yn Ljouwert stapt dochs nei de rjochter fanwege de coronamaatregels dy't oplein binne. Neffens eigener Jelle de Visser fan it toeristetreintsje hawwe de plysje en it stedstafersjoch foarige wike sein dat op alle banken yn it treintsje minsken sitte mochten, om't tusken de bankjes plestik skermen oanbrocht binne.
Ljouwerter City Train spant dochs koart pleit oan
Earder hie de City Train al in rjochtsaak oankundige, mar doe't De Visser tastimming krige om wol alle bankjes te besetten, luts er dat yn. De gemeente liet doe letter wer witte dat hy neffens de coronamaatregels him hâlde moast oan de oardel meter ôfstân en dat dêrom mar de helte fan de banken beset wêze mocht. "Gisteren moesten 61 volwassenen weigeren, terwijl de helft makkelijk had meegekund", seit Daan Postma fan it treintsje.

22 kear kontrolearre op ien dei

Ofrûne wykein binne hanthaveners op ien dei 22 kear delkaam, fertelt Postma. "Er staan nu schermen tussen. De handhaving vindt dat oké, maar ze zijn teruggefloten. Als je kijkt naar de letter van de wet, dan moet je inderdaad anderhalve meter afstand houden. Maar nu staan er schermen tussen, dan kun je elkaar toch niet besmetten? Nu verplaatsen we steeds zes lege banken per rit."
Se ha it drok genôch, it treintsje rydt folle faker as oars. "Het bezoekerspercentage ligt nu 30 procent hoger dan vorig jaar. We vragen ook niet eens om de volledige capaciteit, maar slechts de helft."
It koart pleit tsjin de Veiligheidsregio tsjinnet kommende moandei.
Harkje nei Daan Postma fan de Ljouwerter City Train
De Citytrain Ljouwert © Omrop Fryslân, Aise van Beets