Fyftjin moannen sel foar meisleuren plysje by Haskerhoarne

29 jul 2020 - 11:01

In 24-jierrige man út Hoofddorp hat 15 moannen selstraf en in rydûntsizzing krigen foar it meisleuren fan in plysje mei syn auto. De man ried mei faasje fuort doe't in plysje yn boarger him oanspruts en heal yn de doariepening hong.

Foto: Ben de Jager, Omrop Fryslân

De plysje woe de man by it tankstasjon oan de A7 by Haskerhoarne oansprekke om't de Honda dêr't er yn ried as stellen registrearre stie.

Doe't de agint heal yn de doariepening fan de auto hong, joech de bestjoerder gas. De plysje moast it portier loslitte om foar te kommen dat er tusken de doar en de auto klem kaam te sitten. De 24-jierrige man naaide út, mar waard letter noch oanhâlden.

Om't it ynsidint plakfûn mei in stellen auto krige de Hoofddorper ek in rydûntsizzing fan in jier. Neist de selstraf moat er 600 euro smertejild betelje oan de agint.

Trefwurden: 
plysje rjochtbank selstraf
(advertinsje)
(advertinsje)