Simmerblog: Simmer yn Bakkefean

29 jul 2020 - 17:50

Omrop Fryslân is woansdei de hiele dei yn Bakkefean. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

17:47
Ein fan dit simmerblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dizze dei yn Bakkefean. Tank foar it folgjen!

Tongersdei binne we yn Hallum.

Sjoch hjir nei de telefyzje-útstjoering:

17:17
Boarterstún

Der wienen meardere ferâldere boarterstunen en dy moasten opknapt wurde. Dat hat trije nagelnije boartersplakken opsmiten, fertelt Jannie Tsjassing. "Mei help fan de gemeente en jild fan ûnder oare de Vlooienmarkt ha we de 65.000 euro by inoar krigen dy't nedich wie foar de sertifisearre tastellen, lykas in kabelbaan."

16:22
Dodofestival
Warner en Anita Koiter en Bas Hoekstra - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

It Dodofestival krijt in oare opset yn dizze coronatiid. Gewoanwei komme der 20.000 minsken oer twa dagen. "No ha we in simmerterras mei 249 man dy't ite, drinke en spultsjes dwaan kinne oan taffeltsjes. Dat dogge we trije wykeinen, ien hawwe we al hân", fertelle Anita en Warner Koiter en Bas Hoekstra fan de organisaasje. "Der is ek merke foar de jeugd en in knuffelbeam."

Eins soe Golden Earring optrede, mar no komt Vangrail. "It is útferkocht, mar der binne troch annulearingen noch in pear kaarten."

Anita en Warner Koiter en Bas Hoekstra

14:42
Outdoor Bakkefean

By de Outdoor kinne dielnimmers ûnder oare lasergame en der is in hindernisbaan. "We binne mei it fjirde seizoen dwaande", fertelt Greetje Scholte fan Outdoor. Njoggen jier lyn binne se begûn mei de survivalbaan en der is no in klup mei 130 leden. "Op de hindernisbaan binne 6 nivo's, dus elk kin op syn eigen nivo klimme."

"It is wol drokker as oars, mar eins moatte we it fan de perioade nei de fakânsje hawwe, want dan komt de tiid fan yntrodukjes en famyljefeestjes en oare groepsaktiviteiten ek."

By de Outdoor

13:44
Filmhûs
Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Sybrand Bosma is aktyf foar it filmhûs fan Bakkefean. Yn 2016 is in oprop dien om soks op te starten en dat like him wol wat. "Dit jier hoopje we mei it fjirde seizoen te starten yn septimber. Nei in proef, by my yn de húskeamer, wie elk entûsjast en binne we yn mfc Dúndelle yn 2017 begûn." Se draaie arthousefilms, "dat jout stof ta neipraten, mar ek it sosjale aspekt spilet mei. De minsken moatte in noflike jûn hawwe."

Gewoanwei komme der 70, 80 besikers, mar no kinne der minder fansels troch corona. "Dus we dogge no in twadde jûn derby." Der binne 100 freonen fan it filmhûs en der is ek in 'filmuitleenservice' dêr't sa'n 100 films en searjes yn sitte.

Sybrand Bosma

12:47
'Vlooienmarkt'
Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Bakkefean is ek ferneamd om de saneamde Vlooienmarkten, mei allerhanne twaddehânskguod. Joop Nieuwdam is dêr de grutte man fan. "Troch corona is it allegear wat oars. We ha krekt de earste hân en kommende saterdei hawwe we de twaddde. Oars hienen we der 12 hân, mar no komme we miskien op 6 út. Gewoanwei binne der sa'n 600 oant 700 standhâlders en komt der sa'n 50.000 oant 60.000 euro binnen. No binne der minder standhâlders, saterdei komme der 400, dus der komt minder jild binnen."

Al it jild bliuwt yn it doarp en giet nei ferskate sportferieningen. "Frijwilligers krije in oerelean en dat jouwe se oan de ferieningen. De earste merk wie prima mei in soad besikers. It wie suver in bytsje te drok. We jouwe de rinrjochting oan, mar as minsken wat sjogge, fleane se derop ôf. It is lestich om it publyk yn de hân te hâlden."

Joop Nieuwdam

11:15
Kavia's
Silvia Flantua - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

"We hebben nu zo'n 260 cavia's", seit Silvia Flantua fan de opgfang. "Maar een paar maanden geleden hadden we er wel 600. Door corona wilden mensen een huisdier." Se is 23 jier lyn mei de biste-opfang begûn yn Utrecht. "We kregen een paar cavia's en later ook van een vuilnisman en toen er 70, 80 waren, zeiden we dat er maar een stichting van moesten maken."

Wat is der sa leuk oan it bist? "Een cavia is verslavend, het is gewoon een heel leuk beest." Se is faak speeddates oan it regeljen foar in mantsje of in wyfke derby.

Op 'en doer nimt Ingeborg van Veen it stokje oer. "Ik wil met cavia's mensen bezoeken in verzorgingstehuizen."

It kaviadoarp is inkeld op ôfspraak te besykjen.

By de kavia-opfang

10:37
Museum Overwijk

Yn Museum Overwijk is fan alles te finen, fan boarterguod oant ammerkes en fan skearapparaten oant in kappersstoel en fan fytspompen oant âlde auto's. "Ik wol alles bewarre. Myn frou sei: wat wolst mei dy rommel, ik sei ik wol it bewarje en ha it yn it hok set'", seit konservator Berend Overwijk. "Dan kin ik der moai nei sjen. Dy kappersstoel wie fan myn heit, hy wie kapper en Bakkefean. Saterdeis wie er de hiel dei oan it skearen mei fan dy grutte messen. Op 90-jierrige leeftiid die er dat ek noch."

Ek hat er in âlde brommer. "Dy ha ik krigen doe't ik 16 jier wie." Hy sit der alle dagen. "Dan bin ik wat oan it pielen, ik ferfeel my noait. Ik doch fan alles dêr't ik sin oan ha."

Froukje Sijtsma praat mei Berend Overwijk

10:05
Dúndelle
Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

"Iepenloftswimbad Dúndelle is een recreatiebad met springkuil, het is vooral in de vakantie belangrijk voor toeristen", seit lokaasjemanager Maria de Groot. "In verband met de coronamaatregels kijken we naar de temperatuur van de dag, dan bepalen we hoe laat we opengaan. Met slechter weer zijn we beperkter open." Jûns kinne der baantsjes swommen wurde.

Dúndelle funksjonearret ek as in soarte fan doarpshûs. "Vergaderingen worden gehouden, het koor komt zingen, toneellessen worden gegeven, 's winters is het hier enorm gezellig."

Maria de Groot

9:55
Utkyktoer
Rekreaasjesintrum Dúndelle - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Troch corona is de útkykoer al in pear moannen ticht, mar Jan van Dalen hat de kaai fan de 27 meter hege toer. Nei 96 treden is der in moai oersjoch op Bakkefean en omkriten. "Dêr sjochst it gebiet fan it âlde doarp Bakkefean. Yn de Tachtichjierrige Oarloch is in soad fochten en in soad ferwoest. Doe't yn 1660 de feart groeven waard út Drachten wei, foar de turf, is it nije Bakkefean ûntstien."

Ek te sjen is it doalhôf, oait troch âld-fierljepper Evert Wilstra ûntwikkele en it âlde swimbad. "Bakkefean woe nei de Twadde Wrâldoarloch in swimbad hawwe, yn de dunen is doe in gat makke. Dat swimbad wie der oant 1968, mar doe't de helte fan de minsken siik waard troch gielsucht moast der in nij swimbad komme."

Jan van Dalen

9:45
Bakkefean: 'Ongewoon stukje Friesland'
'Doarpsboargemaster' Jan van Dalen - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Jan van Dalen (62 jier) is hikke en tein yn Bakkefean, neffens him is Bakkefean in forinzedoarp en aktyf doarp. It sintrum hyt De Brink. "Der wenje goed 1900 minsken, mar der komme yn de takomst mear by, want der binne plannen foar nijbou. Dat waard ek wol tiid, want 17 jier lyn is hjir foar it lêst nijboud."

Yn en by Bakkefean binne acht campings, dêr kinne 5.000 toeristen teplak. "It sit op it stuit hielendal fol mei toeristen, guon fine dy reuring moai, oaren woenen wol dat de simmerfakânsje foarby wie want dan hawwe se de supermerk wer foar harsels." Sels fynt er de oerlêst net sa grut. "De measte oernachtingstoeristen bliuwe op de camping."

It plak is ek bekend fan it Dodofestival. "Dat is tsien jier lyn begûn op it parkearterrein neist de snackbar mei 500 man. No komme der mear as 10.000 minsken op ôf en kin it fansels net mear yn it sintrum."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar praat mei Jan van Dalen

9:40
Doarp fol toeristen
9:30
Wolkom yn Bakkefean!

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is tiisdei te gast yn Bakkefean. Ferslachjouwers Arjen Bosselaar en Froukje Sijtsma dogge de hiele dei ferslach.

Tiisdei wie Simmer yn Fryslân yn Wytmarsum. Dat kinne je hjir lêze.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
(advertinsje)
(advertinsje)