Utslaggen coronatests letter fanwege technyske maleur

Minsken dy't koartlyn in coronatest by de GGD dwaan litten ha dy't negatyf wie, ha langer op de útslach wachtsje moatten as de bedoeling wie. Dat kaam troch in technyske steuring. Dy steuring hie gjin ynfloed op de snelheid wêrmei't positive coronatests meld waarden.
© ANP
Dat seit de GGD. De steuring waard moandei oan de ein fan de dei konstatearre. Sa'n 7300 minsken, dy't ein ferline wike en yn it wykein test waarden, ha dêrtroch mear as 48 oeren wachtsje moatten. It stribjen is om alle útslaggen binnen dy tiid troch te jaan.
Alle minsken út de groep binne tiisdei dochs noch belle mei de útslach. GGD GHOR Nederland "betreurt het zeer dat deze mensen langer dan gewenst in onzekerheid hebben gezeten of ze besmet waren met het coronavirus".

Twa aparte systemen

De technyske steuring die him foar yn de ynformaasje-útwikseling tusken it systeem wêryn't de útslaggen fêstlein wurde en it systeem fan it lanlike ôfsprakenûmer. De negative útslaggen komme yn in oar trajekt as de positive, omdat minsken mei corona allegear belle wurde moatte foar bygelyks kontaktûndersyk, seit in wurdfierder.
Nei de presise oarsaak wurdt noch ûndersyk dien. Der is earst in tydlike oplossing om foar te kommen dat it probleem him opnij foardocht.