Kollum: "Frysk"

"De provinsje wol inkeld noch nije kultuer tastean. De âlde rommel kin wol fuort. Deputearre Sietske Poepjes neamt dat oars; se hat it oer ferbreding en fernijing fan it kultueroanbod. Dat praat net ien tsjin, want elke kultuerutering is wer nij, en makket it ek allegear breder as dat it wie. Mar we kinne gjin kant út, want Fryske kultuer is inkeld taal. En dêr kinne we alhiel net mei oerwei."
© Omrop Fryslân
De toan fan Eelke Lok
De Ried fan de Fryske Beweging doart net iens nei de rjochter te stappen út namme fan âlders dy't fine dat harren bern gjin goed Frysk ûnderwiis krije. De ried wol der letterlik 'sekuer mei omspringe'. Dat springen duorret, tink ik, jier as trije, fjouwer. Lykas altyd alles mei it Frysk.
No ja, je meie tsjintwurdich Sietske belje as immen it net goed foar hat mei it Frysk. Dat se op 112 gjin Frysk ferstean of sa. Der belle ek ien dy't sei: it is sa ferskriklik, de donorregistraasjefolder is inkeld mar yn it Nederlânsk. Ja natuerlik yn it Nederlânsk, want de Nederlânske oerheid stelt ús in fraach, en wy hoege inkeld mar ja of nee te sizzen. En dat bin o sokke geve Fryske wurden.
Lykwols, Sietske soarge foar in Frysktalige folder. Dat is de echte Fryske identiteit, soargje dat de donorfolder ek yn it Frysk komt. Skyt omheech. Stel jim net oan. En dat dan ek noch diskriminaasjemeldpunt Tûmba efter de Jongfryske Mienskip stean gie. De donorfolder yn it Nederlânsk soe is diskriminaasje fan de Friezen wêze. Belachlik. Hingje al dy Fryske groepkes fan seurders yn de heechste beam.
Likegoed is it alle dagen raak. Kommissaris Brok wie op wurkbesite by de supermerk fan Eastermar. In Frysktalige winkel. Prima. Mar no seit dy Brok op Twitter: "wêr bliuwe de oare supermerken no". Brok jonge, da's noch slimmer as wat Doutzen Kroes oer corona skreau. Der binne genôch supermerken dy't al Fryske buorden ha. En dat meie se dochs allegear lekker sels witte. Se krije miskien trije jongemienskipsdjipfriezen mear yn de winkel, mar se ferlieze folle mear lju dy't totaal net witte wat strûpmoes is.
En ach, we hienen Fedde Schurer ek noch. Syn byld stie tusken de lege glêzen bier, en moast nei in better plak. Waard dêr wer ûntbleate. Schurer wie in Frysk literator en haadredakteur fan de Friese Koerier. De útnûging foar de ûntbleating wie lykwols yn min Frysk. Dat kin noch, miskien wie de iennige amtner dy't Frysk kin dêr mei fakânsje. Mar dat der gjin inkele Fryskpratende sprekker wie, dat die echt sear.
Suterich, sei FNP-riedslid Ate Eijer. Kloaterich, sei Hylke Speerstra, dy't Schurer noch as baas hân hat. De ellinde is no dat krekt dy belachlike Jongfryske Mienskip it protest hantearret. Dy krigen ommers al orgasmen by de donorfolder en de Eastermarder supermerk. Dat betizet de boel. No wolle se it byld yn augustus wer ûntbleatsje, mar se ha Johanneke Liemburg, dy't stúdzje makke hat fan Schurer, dêr net by. En Hylke Speerstra wurdt ek net frege.
Ik sil it jim útlizze. Dan moatte jim efkes bûten de taal tinke, gewoan oan sa't wy binne. Kultuer neame se dat ek wol, Yn Starum oan de Skâns stiet in kafee. Broer Kuperus hie de kroech doe't ik der as jonkje kaam, mar neffens ús heit-en-dy siet der earder ek in legindarysk man yn. Nei Kuperus kaam Folkertsma. Dy neamden se KEK. Kop en kont, want Jappie hie gjin nekke. En no sit Max deryn. Syn eigen plakje om moaie muzyk te draaien.
It kafee is noch presys lyk as 100 jier lyn. Machtich moaie grutte wandskilderingen. Sfearfol brún kafee, mei sa no en dan in hapke. Max en Carla hâlde op en no wol Piet Blauw een crowdfundingsaksje om it kafee te behâlden, want dan moat der hjir en dêr noch wer wat opknapt wurde. It soe goed wêze, der binne al te folle âlde sfearfolle Fryske kafees nei de soademiterij gien.
Je moatte sjen nei gefoel, sfear. Nei je tinzen. Nei je herinnerings. En nei it noflike gefoel wat je dêr altyd hienen. De húskeamer fan Starum wie 't. Dat is pas echt it bewarjen fan in stikje Fryske kultuer. En der hoecht echt gjin buordsje strûpmoes ophongen te wurden."