It giet min mei swietwetterfisken, mar Fryslân docht goed wurk

29 jul 2020 - 07:35

De populaasjes swietwetterfisken yn Europa binne de ôfrûne fyftich jier mei 93 persint ôfnommen. Dy konklúzje folget út ynternasjonaal ûndersyk. It giet om trekkende swietwetterfisken, lykas salm, iel en houting. "Het gaat wereldwijd keihard achteruit", seit Arjan Berkhuysen fan de World Fish Migration Foundation. "Nog veel meer dan we hadden verwacht."

Iel - Foto: Shutterstock.com (Jack Perks)

De stichting fan Berkhuysen is ien fan de opdrachtjouwers fan it ûndersyk, dat útfierd is troch ûnder oare de Ryksuniversiteit Grins. Dat it sa min giet, komt troch barriêres yn it wetter. "In Nederland hebben we al heel lang allerlei gemalen, stuwen en dammen in het water. Dat blokkeert de routes van de dieren." It feroaret ek de omjouwing yn it wetter, wêrtroch't bygelyks seeforellen en salmen gjin aaikes mear lizze kinne.

"In Nederland stikt het van de stuwen en gemalen, omdat we voor een groot deel onder zeeniveau liggen. Het kan dus ook bijna niet anders, je kunt die dammen er niet zomaar uithalen." Dy barriêres binne der al langer, mar dochs rûn it tal fisken noch hurder werom as Berkhuysen tocht hie.

Fiskmigraasjerivier is ynternasjonaal foarbyld

Dochs is de Skylger ek foarsichtich optimistysk. Sa dogge ûnder oare Wetterskip Fryslân en it Grinslanner wetterskip Hunze en Aa's goed wurk. "Ze doen ongelooflijk veel om het water weer toegankelijk te maken, bijvoorbeeld door vispassages te bouwen of door stuwen weg te halen die geen functie meer hebben. En in Fryslân hebben we een vismigratierivier die bij de Afsluitdijk wordt gebouwd. Dat is een supergoed, internationaal voorbeeld van hoe je het kunt doen."

Sa moat de fiskmigraasjerivier wurkje:

Er zijn dammen weggehaald en dezelfde dag zwommen er al vissen bovenstrooms. Alsof ze erop zaten te wachten.

Arjan Berkhuysen

De skea is hûnderten jierren lyn al ynset, seit Berkhuysen. No wurdt dus wurke oan it werombringen fan bepaalde fisken, mar dat giet hiel stadich. "Er moet veel werk verzet worden. Het duurt ook wel een jaar of tien, maar allerlei soorten kunnen op termijn weer terugkomen. Daar ben ik redelijk positief over." Berkhuysen neamt de iel as foarbyld: dêr gong it ek hiel min mei, mar stadichoan giet dat wer de goede kant op. "Je ziet dat het dus ook zin heeft om eraan te werken, dat maakt het ontzettend leuk. Er zijn plekken waar dammen weg zijn gehaald en waar je dan dezelfde dag nog vissen bovenstrooms ziet zwemmen. Alsof ze erop zaten te wachten."

Klimaatferoaring helpt net mei

Fryslân is dus goed dwaande, seit Berkhuysen. Ynternasjonaal is it in oar ferhaal. "In gebieden als Afrika en Azië zijn ze nog als gekken nieuwe dammen aan het bouwen overal. Daar zie je dat het echt keihard achteruitgaat. Dat komt ook door klimaatverandering, daardoor moeten er dammen gebouwd worden om water vast te houden of om energie op te wekken. Wat dat betreft hebben we als stichting heel wat te doen."

Arjan Berkhuysen oer it probleem, de oarsaken en de oplossingen

(Advertinsje)
(Advertinsje)