Slachterij Aldskoat wol skeafergoeding fan NVWA foar misrinnen ynkomsten

De islamityske slachterij fan Aldskoat easket in skeafergoeding fan de NVWA, de Nederlandse Voedel- en Warenautoriteit, foar it misrinnen fan ynkomsten. De NVWA fûn in oantal slachthûzen net 'coronaproof' en sette in streek troch de plannen om te slachtsjen foar it Offerfeest.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Neffens de ynstânsje doogden de plannen net en wie it net goed mooglik ûnderling ôfstân te hâlden. Twa slachthûzen stapten nei de rjochter. Dy bepaalde tiisdei dat de NVWA de plannen fan de slachterijen op 'e nij besjen moat.

Grien ljocht komt te let

Letter dy dei krige Umit Akçe fan Aldskoat dochs grien ljocht om te slachtsjen foar it Offerfeest. Foar Akçe is dat lykwols te let. Hy hat al syn klanten al witte litten net slachtsje te kinnen. Ek hat hy syn leveransiers fan skiep en lammen al ôfsein.
Akçe baalt as in stekker: "Als ze gewoon goed hadden gekeken naar ons plan, dan hadden we kunnen slachten. Mijn plan dat eerst werd afgekeurd is nu in één keer goedgekeurd. Daar baal ik echt van."
It Offerfeest begjint offisjeel tongersdeitejûn.