Bestjoerder rekket ferwûne by ûngelok Garyp, auto brânt út

29 jul 2020 - 06:02

By in iensidich ûngelok op De Broek by Garyp is in automobilist ferwûne rekke. De bestjoerder rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk, botste tsjin in beam en bedarre yn de sleat neist de dyk.

Foto: De Vries Media

De auto fleach nei it ûngelok yn 'e brân. De bestjoerder koe sels út de auto komme en waard opfongen yn in hûs yn de buert fan it ûngelok. It slachtoffer is dêrnei nei it sikehûs brocht.

De brânwacht hat it fjoer útmakke, mar koe de auto net mear rêde. De dyk waard tydlik ôfsletten, sadat de plysje ûndersyk dwaan koe nei de oarsaak fan it ûngelok.

(advertinsje)
(advertinsje)