UPDATE: Steuring by brêge Skûlenboarch ferholpen

De brêge by it buorskip Skûlenboarch tusken Eastermar en Jistrum hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei te krijen hân mei in steuring. It ferkear moast omride.
De brêge by Skûlenboarch © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De brêge giet oer it Prinses Margrietkanaal. Neffens Rykswettersteat hawwe monteurs alles op alles set, mar der koe net foarkommen wurde dat tiisdeitejûn noch hieltyd sprake wie fan in steuring. It ferkear moast omride, it skipferkear koe de brêge al wol passearje.
Yn de nacht ha monteurs de brêge wer meitsje kinnen. In stikkene silinder wie it probleem.