Ried fan de Fryske Beweging foarearst net nei rjochter foar Frysk op skoalle

De Ried fan de Fryske Beweging nimt foarearst gjin jurydiske stappen om ôf te twingen dat skoallen mear tiid besteegje oan de Fryske taal. De Ried wie troch Sis Tsiis frege om in juridysk paad te ûndersykjen. Dy aksjegroep hat grutte noed oer de posysje fan it Frysk op skoallen. Mar op koarte termyn sjocht de Ried it net sitten om nei de rjochter te gean.
Geart Benedictus fan de Ried fan de Fryske Beweging yn 2018 mei in petysje yn Den Haag © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De Ried hat dus besletten foarearst net nei de rjochter te stappen. Frank de Boer fan de Ried: "Foar ús stiet foarop dat je sa'n paad goed ûndersykje moatte. Der binne ferskate mooglikheden. Je soene in skoalle oanjaan kinne as dy net foldocht, mar dat is in dreech ferhaal. Dus dan komme je nei alle gedachten op in bestjoerssaak. Dan moatte je in beslút fan de provinsje oanfjochtsje, bygelyks in ûntheffing. Dat is mooglik, mar dat is net yn 't foarst wat wy dwaan moatte. Soks soe eins earder by de âlden en learlingen sels weikomme moatte."

Dreech foar âlden

De Boer snapt ek wol dat soks dreech is foar âlden. "It binne je eigen bern op sa'n skoalle en dan komme je wol yn konflikt mei in skoalbestjoer. Mar wy soene it wol graach stypje. Wy slute sels ek noch neat út, mar wy tinke dat wy der sekuer mei omspringe moatte. En it politike paad is ek noch net útiten. Der binne mooglikheden om mei ferskate organisaasjes yn petear te gean, lykas de ûnderwiisynspeksje."

Yn petear

De Ried fan de Fryske Beweging wol boppedat ek sjen wat de útkomsten binne fan it juridysk proses oer de nammejouwing yn gemeente Waadhoeke. De Ried sjocht dy saak as in soarte proefproses. De Ried sil wol yn petear mei de haadynspeksje fan it ûnderwiis yn Utrecht oer de mooglike beheiningen by it nimmen fan maatregels. Ek wol de Ried it orgaan Dingtiid en de taalskipper fan it meldpunt Fryske taal freegje wat sy foar de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis betsjutte kinne.
Frank de Boer fan de Ried fan de Fryske Beweging