Fryske organisaasjes foar waadrinne hawwe it drokker as ea tefoaren

28 jul 2020 - 18:25

It is drokker as ea tefoaren op it Waad, dat merke sy ek by Wadloopcentrum Fryslân. "Wy krije in soad telefoan en e-mail fan minsken dy't waadrinne wolle. Dat is oare jierren ek wol sa, mar dit jier is it noch folle drokker. As it moaie waar der wer oan komt, lykas no, dan giet de telefoan de hiele dei," seit Harry Feenstra fan it sintrum.

Foto: Shutterstock.com (MaartenGR)

De tochten sitte allegearre fol, fertelt Feenstra. "Wy hawwe fanwegen corona wat minder oanbod, de groepkes wat lytser. Wy rinne eins allinne swalktochten. Yn septimber sille wy wer nei It Amelân, mar op dit stuit dogge wy dat net. Dus wy moatte minsken teloarstelle." Somtiden wurde de groepkes krekt wat grutter makke as it maksimale oantal fan 30 persoanen, mar dêr kinne je eins net oan begjinne, jout Feenstra oan. "Wy besykje ek noch wolris aparte tochten te dwaan, mei in famylje bygelyks."

Sels op 'en paad oer it Waad is net in goed idee as je net in soad fan it gebiet witte. "Sokke dagen mei heger wetter, dan wurdt de see eins net iens goed drûch. Dan kinne je ek net goed nei it eilân rinne, sels as gids is dat dreech. De see docht wat sy graach wol."

Harry Feenstra fan Wadloopcentrum Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)