"It is in spul fan nimmen en jaan, je komme alle jierren deselden tsjin"

28 jul 2020 - 19:30

Klaas Westerdijk is de jongste skipper yn de SKS. Hy stoert op De Heale Moanne. Allard Sijperda is âld-skipper yn de IFKS en SKS. Hy wie fan 2000 oant 2002 skipper op It Hearrenfean en dêrnei noch fjouwer jier op De Jouwer. Klaas Westerdijk debutearre yn 2017 op de De Heale Moanne.

De beide manlju hawwe moaie ferhalen oer de striid yn de SKS. Klaas Westerdijk docht in boekje iepen oer hoe't guon skippers it net ferjitte as ien harren in streek levere hat. Allard Sijperda wit goed út te lizzen wat it ferskil is tusken sile yn de IFKS en de SKS. Doe't hy debutearre yn de SKS moast hy bot wenne oan de dochs wol hiel oare mentaliteit en kultuer.

De histoaryske reportaazje giet oer de oerstap fan katoenen seilen nei dacron. De oade komt fan Marije Roorda.

Skipper op de Heale Moanne - Foto: Omrop Fryslan

It Skûtsjesjoernaal is twa wiken lang te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De útstjoeringen komme alle dagen út it skûtsjemuseum yn Earnewâld wei. Alle dagen skowe der twa gasten oan by de tafel fan presintator Simone Scheffer. Dêrby is der fansels wiidweidich oandacht foar de grutte ferhalen, de stoere skippers en de legindaryske anekdoaten fan eartiids.

Neist de petearen oan tafel binne yn it programma histoaryske reportaazjes oer de skiednis fan de SKS te sjen. Fierder sille ferskate keunstners in oade bringe oer har gefoel by it skûtsjesilen. It programma is te sjen fan moandei 20 july oant en mei freed 31 july.

(Advertinsje)
(Advertinsje)