De Bildtse Post krimpt flink yn troch coronakrisis

28 jul 2020 - 17:46

De oplage fan streekblêd De Bildtse Post giet werom fan 16.000 kranten nei sa'n 4.000. Troch de coronakrisis is it beslút naam om allinnich ynwenners fan de eardere gemeente It Bilt noch de fergeze krant te jaan. De krante hat te krijen mei minder advertearders en de kosten fan it drukken en it besoargjen rinne út ferhâlding mei de opbringsten.

Haadredakteur Gerard de Jong: "It is fansels in besuniging. Krekt as in hiel soad oare bedriuwen fernimme wy de coronakrisis echt wol. Fan de iene op oare dei koene bygelyks restauranten net mear advertearje, de snackbar ek net. Lokale ûndernimmers waarden direkt rekke troch de krisis en koene by ús gjin advertinsje mear kwyt."

Minsken bûten it fergeze gebiet kinne noch wol in abonnemint op de krante nimme. De Bildtse Post hat sa'n 1.600 abonnees en dat is yn de coronatiid sels wat tanaam.

Needsaak is minder grut

De Jong fynt it wol spitich dat se de fergeze krante net mear ferspriede kinne yn in grut gebiet. "De Bildtse Post is ea ûntstien op It Bilt, mar benammen yn de jierren 90 en 2000 hiene wy in soad supermerkadvertearders. We hiene hast eltse wike wol seis pagina's fan wat supermerken. Dy woene graach in grutter ferspriedingsgebiet, mar no hawwe se allegear in eigen blêd. Dan is de needsaak om mei in fergeze edysje te kommen yn sa'n grut gebiet ek wat fuortfallen."

Ik leau noch altyd yn de takomst fan de lokale krante.

Gerard de Jong

In beslút mei pine yn it hert dus, mar De Jong sjocht mei de nije koers wol wer in goed besteansrjocht foar de krante. "It is in kâns om ús noch mear op It Bilt te rjochtsjen. Dêr lizze ús ynkomsten, dêr hawwe ús lêzers ynteresse yn. Wy geane dêrfoar. En dêr is echt wol wat fan te meitsjen, want ik leau noch altyd yn de takomst fan de lokale krante. It is in drastyske oanpassing, mar soms hawwe je dêr even in triuwke foar nedich. Miskien wie de coronakrisis wol it juste triuwke."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma yn petear mei haadredakteur Gerard de Jong

(advertinsje)
(advertinsje)