Hieltyd mear âlderein ferstjerre nei fytsûngelok

28 jul 2020 - 17:01

It tal 70-plussers dat om it libben komt by in fytsûngelok is yn de ôfrûne 20 jier mei 68 persint tanaam, dat meldt it Centraal Bureau voor de Statistiek nei in analyze oer de perioade 1999-2019. Dat it tanimt komt om't Nederlân hieltyd mear 70-plussers telt, mar ek om't se hieltyd mear fytse, mei troch de elektryske fyts.

It tanimmen fan it tal ûngelokken hat mei twa dingen te krijen, fertelt Sipke van der Meulen fan it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid yn Fryslân. "Wy krije mear 70-plussers yn Nederlân, ek yn Fryslân fansels. Dêrneist hawwe minsken mear frije tiid en stappe se mear op de fyts. De fyts is in 'balansvoertuig', en dat is altyd lestich. Mei de opkomst fan de e-bike fytse minsken ek folle mear kilometers dus je bleatstelling oan de gefaren fan it ferkear is ek folle grutter," leit Van der Meulen út.

Dat mear minsken op in elektryske fyts stappe is in winst foar de sûnens, mar it is ek in risiko. "Minsken binne sportyf, minsken bliuwe sûn, minsken bliuwe fit, mar dat smyt ek in risiko foar de ferkearsfeiligens op en wy moatte sjen dat risiko te beheinen", fertelt Van der Meulen. Hy fynt it moai om te sjen dat minsken op de fyts stappe, mar soe graach sjen dat minsken foarsichtich bliuwe en net oeral yn de heechste stân fytse.

In blokje om

Yn Ritsumasyl fytst Jan Koopman fan Marsum troch it doarp, hy docht in blokje om op syn e-bike. Koopman is 86 jier en neffens him kin hy de elektryske fyts noch 'prima' hantearje. "Ik ryd wolris te hurd hear, dan sizze se wolris dat ik in helm op dwaan moat, mar dêr bin ik noch net oan ta," seit Koopman.

Hy is ek net in foarstanner om de snelheid fan de fyts te beheinen. "Sy hawwe it der wolris oer dat de snelheid fan 25 nei 20 moat. Dat sjoch ik leaver net, se kinne him better opfiere", laket der. Wol sjocht hy dat it ek mis gean kin. "By it tunneltsje hjir ûnder Ljouwert kin it wol gefaarlik wêze, lêst moast ik efkes ien beetpakke". Dochs hat Koopman alle betrouwen yn in feilige rit. "Je moatte wol foarsichtich wêze, mar dat moatte je altyd".

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

It tal fytsdeaden is heger as it tal minsken dat yn in auto omkomt. It ROF is dan ek drok dwaande om it feiliger te meitsjen op de dyk. "Wat wy graach dwaan wolle is mei de minsken sels sjen wêr't se yn de problemen komme. Dat hat faak te krijen mei it opstappen en it ôfstappen. Minsken reitsje de kontrôle oer de fyts wolris kwyt, want de e-bike is al wat swierder. Mar it hat ek te krijen mei oare fragen oer bygelyks de breedte fan fytspaden en it wol of net njonken inoar fytse en wat fytst der noch mear op dat fytspaad?

Iensidige ûngelokken

Yn it algemien binne de fytsûngelokken benammen iensidige ûngelokken. "De râne fan de stoepe dy't te heech is, in pealtsje by it fytspaad del of in te koart bochtsje. Dat witte wy ek út plysjeregistraasje en de registraasje fan sikehûzen. Dy punten wolle wy graach opsykje en sjen oft wy dy mei gemeente en provinsje ferbetterje kinne."

Fytsers oer de e-bike en Sipke van der Meulen fan it Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)