Offisier: 'Ekstreem soad geweld brûkt by mishanneling Dokkumse'

28 jul 2020 - 15:22

By de mishanneling fan in 29-jierrige frou út Dokkum earder dit jier is in ekstreem soad geweld brûkt. Dat sei offisier fan justysje Roelof de Graaf tiisdei op de pro-formasitting. Yn de saak waard in 34-jierrige man út Ferwert oanholden.

Bylden fan de dei nei it foarfal:

De frou hie neffens de offisier 'zwaar letsel aan het hoofd'. Yn it sikehûs waarden trije skedelfraktueren konstatearre. "De harsens leine iepen", seit De Graaf. De dieder hat nei alle gedachten gebrûk makke fan in skerp foarwerp. Doe't de plysje oankaam by it hûs, rûn it bloed ûnder de garaazjedoar troch, seit de offisier. De bewenster lei yn de garaazje, neffens De Graaf 'in shock'.

Dochter lei noch yn it hûs

Oan de hân fan de bloedspoaren yn de wenning konkludearre De Graaf foarsichtich dat de frou oan de hieren fan de keamer troch de keuken nei de garaazje sleept is. De dieder hie it gebou yn 'e brân set, wylst de 3-jierrige dochter fan it slachtoffer noch yn it hûs lei. In bank wie yn 'e brân stutsen en hat noch oeren lang neirikke.

De brânwacht yn aksje yn Dokkum - Foto: De Vries Media

Ek it dochterke moast nei it sikehûs ta, se hie reek ynazeme. Neffens de offisier binne der op ferskate plakken yn it hûs spoaren fûn fan guod wêrtroch't it brân him rapper fersprate. De fertochte hie in relaasje mei it slachtoffer. Hy sit no fêst foar poging ta moard.

Slachtoffer wit neat mear

De man seit dat er neat mei de mishanneling te krijen hat. Utsein in pear stikken glês yn syn auto, dy't mooglik fan de achterdoar fan it hûs komme, is der hast gjin bewiis. It slachtoffer wit neat mear fan wat der bard is.

De advokaat fan de fertochte freget om de man frij te litten. Dêr gong de rjochtbank net yn mei. De rjochtbank seit wol dat de man psychologysk neisjoen wurde moat yn it Pieter Baan Centrum.

Trefwurden: 
Dokkum moard Ferwert De Schans
(advertinsje)
(advertinsje)