Rykswettersteat fisket in ôfbrutsen roer út it wetter by slûs Terherne

28 jul 2020 - 14:53

Rykswettersteat hat moandei by de slûs fan Terherne mei in spesjale pikheak de boaiem ôfsocht. De organisaasje hie nammentlik in melding krigen dat der by de slûs in obstakel lizze soe. It die bliken dat it om in grut roer dat twa ton swier is gie, dat ôfbrutsen is.

Foto: Rijkswaterstaat Noord NL

It roer is markearre mei in reade flagge en dêrnei hat in kraanskip it obstakel út it wetter takele, mei help fan in dûkteam. Yn de tuskentiid hat Rykswettersteat derfoar soarge dat it skipferkear der goed del koe.

Nautysk adviseur en offisier Lieuwe Klabbers fan Rykswettersteat leit út dat it roer net foar alle boaten in gefaar opsmiten hat. "Het bevond zich buiten het vaarwater, dat was al duidelijk. Maandag hebben we het object gevonden, daarna hebben we onze calamiteitenaannemer ingeschakeld om het te bergen."

Oprop foar eigener

It die bliken dat it in flink swier roer wie. "Er stond een roer van zo'n twee bij drie meter recht onder water. We gaan er vanuit dat het roer afkomstig is van een schip met een dubbel roer. Als we de eigenaar te spreken kunnen krijgen weten we denk ik pas echt wat er gebeurd is. Met één roer kun je ook wel varen, alleen met manoeuvreren kom je er achter. Als je niet gemerkt hebt waar je het verloren hebt, is het wat moeilijk. We hopen dat de eigenaar zich zal melden, dan kunnen we met de verzekering van de eigenaar afspraken maken. Die kan zich melden bij 0800-8002, dan komt het vanzelf weer bij ons terecht."

Nautysk adviseur en offisier Lieuwe Klabbers fan Rykswettersteat

(Advertinsje)
(Advertinsje)