Frou oanholden om't se glês en stiennen foar útrit plysjeburo lei

28 jul 2020 - 14:47

De plysje hat in frou út Ljouwert oanholden dy't derfan fertocht wurdt dat se ferskate kearen stiennen en glês foar de útrit fan it plysjeburo oan de Holstmeerwei yn Ljouwert lein hat.

It plysjeburo yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Fiif kear fûnen de plysjes rjochtopsteande stiennen en twa kear glês op de dyk. De plysjes binne der net oerhinne riden.

Op kamerabylden waard de 28-jierrige frou út Ljouwert sjoen. It is net dúdlik wêrom't se de stiennen en glês op de dyk lein hat. Se wurdt oerdroegen oan de geestlike sûnenssoarch.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert plysjeburo
(Advertinsje)
(Advertinsje)