"Dacron is knetterdoek, it is sa stevich en hurd"

Mear as 100 jier sylden de skûtsjes mei katoenen seilen. Hoe grutter de seilen waarden, hoe dreger it waard om mei de swiere seilen om te gean. Op in stuit wie katoen ek hast net mear te krijen. Seilmakkers koene gjin goeie kwaliteit mear garandearje. Doe waard de oerstap makke nei dacron.
Mei dacron bliuwt de bolling fan de seilen better, ek as se wiet wurde, fertelt Age Veldboom:
FIDEO: Histoarysk item fan katoen nei keunststof
Foar seilmakkerij Molenaar wie it net in grutte oerstap, mar it kostet wol mear tiid om se te produsearjen, fertelt Jaap Jongsma. "We wurkje al hiel lang mei dacron, ek foar oare skippen. We seagen dat wol as in foardiel. Katoen koest gewoan oer it masineblêd hinne dwaan, mei dacron is it krekt wat oars."

Skûtsjesjoernaal

Yn it Skûtsjesjoernaal fan tiisdei 28 july binne Allard Syperda en Klaas Westerdijk te gast. Sijperda wie skipper yn de IFKS en yn de SKS. Klaas Westerdijk is de jongste skipper ea yn de SKS. Hy stjoert op it skûtsje de Heale Moanne.
De oade oan it skûtsjesilen komt fan Marije Roorda.
© Omrop Fryslan
It Skûtsjesjoernaal is twa wiken lang te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De útstjoeringen komme alle dagen út it skûtsjemuseum yn Earnewâld wei. Alle dagen skowe der twa gasten oan by de tafel fan presintator Simone Scheffer. Dêrby is der fansels wiidweidich oandacht foar de grutte ferhalen, de stoere skippers en de legindaryske anekdoaten fan eartiids.
Neist de petearen oan tafel binne yn it programma histoaryske reportaazjes oer de skiednis fan de SKS te sjen. Fierder sille ferskate keunstners in oade bringe oer har gefoel by it skûtsjesilen. It programma is te sjen fan moandei 20 july oant en mei freed 31 july.