Fryske GGD-meiwurkers springe by yn regio's dêr't coronafirus wer oplôget

28 jul 2020 - 14:22

Fryske GGD-meiwurkers helpe yn oare regio's fan Nederlân mei boarne- en kontaktûndersyk by coronapasjinten. Benammen yn de regio Rotterdam binne der de ôfrûne tiid in soad nije coronabesmettings en springe Fryske GGD-meiwurkers by. "Dêr rint it har wol wat oer de hege skuon", seit Wim Kleinhuis fan Feilichheidsregio Fryslân.

Foto: Shutterstock

Op guon plakken rint it oantal coronabesmettings rap op en by al dy pasjinten moat boarne- en kontaktûndersyk útfierd wurde. Kleinhuis: "Fryslân is dêr oan it byspringen om te helpen by dy ûndersiken." Dat boarne- en kontaktûndersyk wurdt telefoanysk útfierd. "Dat belje se dan nei." Dat ûndersyk kinne se gewoan út hûs wei dwaan.

Yn Fryslân genôch testkapasiteit

Yn Fryslân is der neffens Kleinhuis noch genôch kapasiteit om minsken te testen. "It rint yndie op, dat sjogge wy ek. De ôfrûne wike binne der 2.500 minsken test yn Fryslân, mar dat kinne we noch oan." Ek krije minsken dy't har teste litten hawwe gau harren útslach. "Op dit stuit sit dêr by ús gjin fertraging yn."

"It firus hat noch gjin tabak fan ús"

Neffens Kleinhuis is it wichtich dat eltsenien him oan de regels hâldt. "Guon minsken tinke dat se der ûnderút kinne. En begryplik, want elkenien hat der tabak fan. Mar it firus hat noch gjin tabak fan ús. En it lêste wat je wolle, is wer yn folsleine lockdown. Dat kin allinnich as we ús gedrage. Dus hâld dy oan de regels!

Wim Kleinhuis fan Feilichheidsregio Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)