Heechlearaar rjocht: algemiene mûlkapkesplicht kin juridysk sjoen net

It ferplichtsjen fan in mûlkapke yn it iepenbier is juridysk sjoen net mooglik. Dat stelle trije heechleararen steats- en bestjoersrjocht yn de NRC. Ien fan harren is Jan Brouwer fan Rijksuniversiteit Groningen. Neffens him kin it kabinet net op koarte termyn beslute om sa'n mûlkapkesplicht yn te stellen.
Veiligheidsregio oer mulkapkes
Alle coronamaatregels wurde no fêstlein yn needferoarderings en kinne net langere tiid grûnrjochten beheine. It kabinet kin dêrom net op koarte termyn beslute ta in mûlkapkesplicht yn de iepenbiere romte, seit heechlearaar 'recht en samenleving' Jan Brouwer: "Dat zou op dit moment alleen via een noodverordening kunnen en die noodverordeningsbevoegdheid van de burgemeester dan wel voorzitter van de Veiligheidsregio is heel beperkt."
Om't it oantal coronabesmettings wer tanimt, wurdt der ynset op in bredere mûlkapkesplicht. Yn Nederlân jildt dy allinnich yn it iepenbier ferfier, wylst de mûlkapkes yn oare Europeeske lannen ek yn de iepenbiere romte ferplicht binne. It kabinet frege it Outbreak Management Team (OMT) om advys oer it gebrûk fan de beskermingsmiddels.

Artikel 10 fan de Grûnwet

Yn de wet stiet dat der fan de wet ôfwykt wurde mei, mar net fan de Grûnwet, leit Brouwer út. Neffens him giet in mûlkapkesplicht yn tsjin artikel 10 fan de Grûnwet: "Het recht op bescherming van de persoonlijke levenssfeer, in de volksmond heet dat het recht op privacy." Dêr falt ek ûnder hokker klean ien draacht.
Dy aparte wet is der no noch net. Foarearst wurde de coronamaatregels dus yn needferoarderings opnaam. Dy wet soe wol feroare wurde kinne, mar dat moat goedkard wurde troch de Earste en Twadde Keamer. "Dat kan niet door middel van een plaatselijke of noodverordening. Dat is op een te laag niveau." De wet sil nei alle gedachten net goedkard wurde foar 1 oktober.

Wol yn it iepenbier ferfier

Dochs is de plicht op mûlkapkes yn it iepenbier ferfier der al wol. Brouwer: "In de Wet personenvervoer 2000 staat een aparte bepaling op grond waarvan de vervoerder eisen kan stellen over het dragen van een mondkapje. Het is de particuliere vervoerder die het initiatief neemt." Neffens Brouwer moatte minsken dy't harsels beskermje wolle dêr sels it inisjatyf ta nimme.
Heechlearaar Jan Brouwer oer de mûlkapkesplicht
© Shutterstock
Wim Kleinhuis fan Feilichheidsregio Fryslân kin noch net mei wissichheid sizze oft de Feilichheidsregio taret is op in wetswiziging. "It OMT komt tiisdei by elkoar en sil dêr in advys oer formulearje. Dat moatte wy no ôfwachtsje. Belangryk is altyd dat meiwoegen wurdt hoe't it te hanthavenjen is."
Neffens Kleinhuis hâldt elkenien yn Fryslân him oant no ta goed oan de mûlkapkesplicht yn it iepenbier ferfier. "Der binne altyd in pear dy't dat net dogge, mar oer it algemien binne wy hiel tefreden."
Wim Kleinhuis fan Feilichheidsregio Fryslân