Omrop TIP: Keatsen en PC-ferhalen live fan it Sjûkelân ôf

It is op 'de fiifde woansdei' in stik stiller en rêstiger op it Sjûkelân dit jier. Gjin folle tribunen, gjin haadklassers op it fjild, mar de PC hielendal oerslaan kin fansels net. Dêrom is Omrop Fryslân de hiele dei yn PC-sfearen, live fan it Sjûkelân ôf. Dêrom organisearret de PC-organisaasje in junioarepartij, dêr't de Omrop ek ferslach fan docht en dêrom komme der (âld-)PC-winners nei it Sjûkelân om te praten oer it PC-gefoel. Belibje it mei op radio, tv en online.
© Omrop Fryslân
Presintator Geert van Tuinen soarget der mei foar dat dizze PC-dei ek thús it keatsgefoel opropt. Mei live bydragen en ferhalen fan (âld-)keatsers, frijwilligers en supporters. Tusken 08.00 en 18.00 oere op radio, telefyzje en online en dêrnei is der it PC Kafee op radio en ynternet.

De winnende partoeren út 1970 en 2019

Geert praat ûnder oare mei it winnende partoer út 1970: Okkinga, Van Wieren en Talsma. Hoe is it no mei de manlju, hoe sjogge sy werom op harren PC en is der in soad feroare yn it keatsen?
Ferline jier wie it partoer Bergsma, Hiemstra en Wassenaar mei 5-2 6-4 te sterk foar favoriten Van der Bos, Triemstra en Steenstra. Hoe is it foar harren dat se no gjin titel ferdigenje kinne? En dat der dit jier mar sa'n bytsje keatst wurde kin?

PC-kening Jan Sijtsma

Alve kear mocht Jan Sijtsma by de PC sjen litte út hokker hout hy snien is. In 1957 sloech Sijtsma, frij ferrassend, it partoer - mei Rinia en Faber - nei it heechste plak op it poadium. Hy waard útroppen ta PC-kening fan 1957. Mei de âldste noch libjende PC-kening sjocht Geert werom nei dy wedstriid. Fansels komme ek Sijtsma syn oare keatsferhalen op 'e tafel.

PC Kafee

Oan de ein fan dizze PC-dei is der fan 18.00 oere ôf noch in oere lang it PC Kafee. Mei nostalgy, sterke ferhalen, muzyk fan Te Gare en in kollum. Live op radio en ynternet.

"In prachtich moai programma om thús te genietsjen"

Moandei die PC-foarsitter Ids Hellinga de oprop om net nei it Sjûkelân te kommen. "Wy roppe minsken op om perfoarst net te kommen, mar ôf te stimmen op Omrop Fryslân radio en telefyzje." Der binne minsken útnûge, mar der meie net mear as 150 minsken op it terrein fanwegen de coronamaatregels. "Wy hoopje op begryp fan de keatsleafhawwers om dizze dei thús te belibjen. Wy ha in prachtich moai programma betocht om fia radio of tv thús te genietsjen."
Harkje, sjoch en belibje it mei, hjoed is Omrop Fryslân yn PC-sfearen. Op radio, telefyzje en online.