Simmerblog: Simmer yn Wytmarsum

28 jul 2020 - 18:03

Omrop Fryslân is tiisdei de hiele dei yn Wytmarsum. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:03
Dat wie 'm

Dit is de ein fan dit simmerblog oer Wytmarsum. Tank foar it folgjen.

Moarn binne we yn Bakkefean, oant dan!

18:02
Telefyzje-útstjoering oer Wytmarsum
17:30
Toeristen op de fyts

Der spane ek wat toeristen yn Wytmarsum op: fjouwer minsken fytse lâns de alve stêden en ha in tuskenstop makke yn it doarp. "De batterijen van onze fietsen zijn op", fertelt ien fan de fjouwer. "Maar het is hier in Witmarsum heel mooi. We zijn goed geholpen door de plaatselijke fietsenmaker, en we hebben bier gehaald bij de supermarkt. Fryslân is fantastisch, het is hier prachtig."

Fytstoeristen yn Wytmarsum

16:51
Swimme troch de feart
Theo de Groot fan de Triatlon Wytmarsum - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Sûnt 2013 hat Wytmarsum ek in triatlon, dy begjint foar de measte dielnimmers yn de Wytmarsumer Feart. Sa wie dat yn de earste jierren noch net. "Toen we begonnen in 2013, had het zwembad het 40-jarig jubileum", leit Theo de Groot út. "Dus we wilden het combineren met het zwembad, want dat hadden we ook nodig bij de triatlon als zwemlocatie."

Dat is yn de rin fan 'e jierren wol feroare. "Het nadeel van een zwembad is dat er maar dertig mensen tegelijk in kunnen", seit De Groot. "Dan moet je een halfuur wachten totdat de volgende dertig erin kunnen. Dus daarom hebben we vanaf de derde editie ook de vaart erbij gepakt. We hebben het zwembad nog wel achter de hand, voor de mensen die absoluut niet in de vaart willen zwemmen."

Theo de Groot oer de triatlon yn Wytmarsum

16:18
Efter de skermen: de Omrop yn Wytmarsum
15:35
25 jier entertainer
Sipke de Boer en famylje - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Ien fan de entertainers fan Wytmarsum is Sipke de Boer, hy sit al mear as 25 jier yn it fak. Goed in jier lyn is er heit wurden fan Lieke en dat hat him feroare. "Dingen wêrfan't ik tocht dat se hiel belangryk wiene, binne hielendal net sa belangryk. Ik sis no wolris 'nee', dat die ik oars net."

In dochter en it coronafirus smieten it libben fan Sipke de Boer behoarlik om

Ek it coronafirus hat syn ynfloed hân. "Ik miste it spyljen foar de minsken hiel bot, mar ik wie no wol in soad thús, by myn dochter. En ik hie tiid foar oare saken. Sa hie ik altyd al it idee om in Frysktalige rapsody te skriuwen, dat is in soart mini-rockopera fan fiif of seis minuten wurden."

Sipke de Boer spilet in stikje fan de Episoade Muzykara:

15:06
Mennistenôt

Wytmarsum is in plak dêr't in religieuze mienskip begûn is en dy't noch altyd libbet. De folgelingen fan Menno Simons hjitte mennisten en ien fan harren is Menno de Vries. Oan it Vliet stiet in tsjerkje, dat yn 2008 boud is as replika fan in âlde tsjerke. "Simons kaam sa mei syn geweten yn konflikt, dat er út de katolike tsjerke stapt is en syn eigen leauwen in plak jaan woe. Dat is it mennistelân wurden."

Mennisten binne ferspraat oer de hiele wrâld. Se sitte yn Amearika, Afrika, Brazilië (yn in doarpke dat ek Witmarsum hjit). Dat smyt bysûndere ferhalen op. "Minsken moasten in nij bestean opbouwe", fertelt De Vries. "It moaie dêrfan is dat se sied neinamen, bygelyks weet. Der binne ek guon út Oekraïne wei nei Amearika flechte. Mei dat sied koene se yn alle gefallen ite. De mennisten út dy tiid wiene hast allegear boeren."

Mennistenôt

Dat weet, it nôt, is hiel oars as wat we hjir ha. De Vries: "It gewoane nôt is 50 of 60 sintimeter lang, mar it mennistenôt is wol 1,20 meter. It is fan in boer út Amearika mei foarâlden út Oekraïne en dat wiene Friezen. We ha dat nôt hjir ynsiedde en sels bôle fan makke. Dat is tige goed slagge en dêr binne we hiel bliid mei."

Mennist Menno de Vries

12:47
Beweechplakken

Wytmarsum is in echt sportdoarp, dat is yntusken wol dúdlik. Dochs seach Jac Konig dat net elkenien yn it doarp genôch beweecht. Doarpsbelang hat dêrom ferskate beweechplakken yn it doarp set. "Dat wie ien fan de ideeën yn it Kulturele Haadstêdjier. We tochten: minsken dy't net by in sportferiening sitte, wolle mei sokke beweechplakken miskien wol yn aksje komme."

Der binne op it stuit trije yn it doarp: ien op it skoalplein, ien by fersoargingshûs Alvastate en ien op 'it griene plak', tusken de hûzen. "Dit wie altyd al in boartersplak, dus we tochten dat it goed is om it dêrmei te kombinearjen", fertelt Konig. "It moatte iepenbiere plakken wêze, dus ek it skoalplein is no iepen nei skoaltiid. Op trije plakken kinne minsken no bewege en elkoar moetsje."

Op in beweechplak yn Wytmarsum

12:01
In libben fan sport

Dé sportman fan Wytmarsum is Oeds Broersma. Syn hûs oan it Tsjerkelân stiet fol mei prizekasten. "Myn hiele libben sport ik al", fertelt er. "Ik bin mei fuotbaljen begûn, dêrnei kaam it keatsen, hurdfytsen, draven, tennis." Dy prizekasten binne moai, it binne mear as tûzen. Mar dêr giet it Broersma net om. "It giet om it bewegen. Alle dagen lis ik noch perken, ik ha it der drok mei. Tiisdeis ha we ek kompetysjekeatsen. Dêrnei gewoanwei ek noch de tredde helte, mar dat is no wat minder."

As Broersma in sport kieze moat, dan giet er foar it hurdfytsen. Sa soe er dit jier de Alvestêdetocht foar de sechstichste kear dwaan. Dat it net trochgiet, jout net iens sa folle. "Ik fyts 'm sels ek wol, gewoan allinnich. Dan krije je ek gjin spul."

Oeds Broersma, in libben fol sport

11:27
Jonge mealders

De mûne yn it doarp hjit De Onderneming en wurdt beheard troch jonge minsken. Christa Bruggenkamp is 30 jier en is hikke en tein oan de oare kant fan de A7, yn Skraard. "Dat dorpje zie je ook als je hier op de molen staat. En vanuit Schaard kon ik altijd de molen zien." Bysûnder dus dat se no mealder is by dizze mûne. "Dat had ik nooit verwacht, het is een lot uit de loterij. Ik kwam hier een keer om meel te halen en ik was direct verkocht, want iedereen was heel enthousiast."

Se hat in oplieding dien ta mealder en no wennet en wurket se der. "We verkopen hier brood en banket op bestelling. De schuur hebben we omgebouwd tot bakkerij. Ik werkte eerst nog en alles wat ik verdiende, heb ik geïnvesteerd in een ruimte."

Jonge mealders

Yn it doarp binne de minsken bliid dat der sokke entûsjastje minsken by de mûne wurkje. "Iedereen is heel blij dat we op deze manier de molen in stand houden." Bruggenkamp is sels noch mar 30 jier, mar der wurkje noch jongere minsken ek by de mûne. "Sûnt ik fiif jier bin, bin ik hjir te finen", fertelt de 24-jierrige Wilco Zeemans. "Ik kom hjir no al hast 20 jier. Sûnt novimber bin ik diplomearre mealder. It wie altyd myn dream. It is in hiel apart gefoel."

Jonge mealders Christa Bruggenkamp en Wilco Zeemans

10:50
Priiswinnend swimbad

Ien fan de grutte attraksjes yn Wytmarsum is it swimbad Mounewetter. In priiswinnend swimbad, fertelt foarsitter Roel Bijlsma. "We wiene al in skoftke it bêste iepenloftswimbad fan Fryslân, en no sels al in jier as fjouwer it moaiste iepenloftswimbad fan hiel Nederlân. It is moai, de minsken binne freonlik en elkenien hat it nei it sin. De gasten binne tefreden en se jouwe ús hege sifers."

Bijlsma spaant al mear as fjirtich jier om by it swimbad. "Ik bin hjir sûnt 1977 by belutsen. Yn 1982 waard ik sekretaris en ik bin no tsien jier foarsitter." Bijlsma wurke as amtner yn de eardere gemeente Wûnseradiel. "Boargemaster Tjeerdsma fûn dat de amtners sosjaal belutsen wêze moasten by de mienskip. En letter is it in soart religy foar my wurden, je wolle net ophâlde."

Hiel oars

Dit jier is it wol hiel oars as de ôfrûne jierren fansels. "Ofrûne jier hiene we tusken de 60.000 en 70.000 besikers. We hiene dagen mei 2.500 minsken yn it bad. Dat wie miskien krekt wat te folle, mar no binne it krekt wat te min. Al bin ik bliid dat ús fêste gasten hjir wol in plakje ha."

Roel Bijlsma

10:22
Fabryksbrêge
De Fabryksbrêge yn Wytmarsum - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

De Fabryksbrêge middenyn it doarp is in belangryk plak, fertelt doarpskenner Klaas Haitsma. "Yn 1960 ha se it hjir folboud, der bleau noch in heale meter oer foar it wetter. De boaten komme der dochs net mear troch, tochten se, dus it koe wol ticht."

Mar it doarpsbelang, dêr't Haitsma yn 1994 foarsitter fan wie, woe it oars. "Wy seine: dy farrûte moat der wer troch. Dêr ha we seis jier mei dwaande west, it hiele provinsjehûs stie op de kop. Yn 2000 hiene we it foar elkoar, doe kaam de nije fabryksbrêge."

Net mear klune

No hopet it hiele doarp dat der wer in Alvestêdetocht komt, dan kin dy foar it earst yn hiele lange tiid oer it iis troch it doarp. "Dy kin dan moai ûnder dizze brêge troch. De lêste trije kear is hjir klúnd, yn 1985, 1986 en 1997." Haitsma hat doe Kening Willem-Alexander noch holpen, dy't ried ûnder de namme W.A. van Buren. "Wa hie it no yn de gaten dat hy dat wie? Der wiene wol mear minsken mei Unox-klean oan."

Klaas Haitsma oer de Fabryksbrêge

9:36
In echt sportdoarp

"Wytmarsum is in echt sportdoarp", seit Klaas Haitsma. Hy is hast 70 jier en wennet al dy tiid al yn it doarp. "Hjir wurdt in soad dien yn it ferieningslibben." De keats- en fuotbalferienings ha de namme fan in bekende âld-ynwenner: Pim Mulier, ien fan de grûnlizzers fan de moderne sporten. Haitsma is sels ek aktyf: hy is foarsitter fan de Jeu de Boules-feriening, hat frijwilliger west by ferskate oare ferienings en lid fan it doarpsbelang.

Der is yn de rin fan de jierren wol wat feroare yn it doarp. "Der binne wol sa'n 80 nijbouhûzen bykaam", fertelt Haitsma. "It doarp is dus wat groeid. Benammen doe't we hjir in groep asylsikers hiene, doe hie it doarp mear as 1.800 ynwenners. Dêrnei is dat wer wat minder wurden, we sitte no op goed 1.700."

Klaas Haitsma

9:34
Wolkom yn Wytmarsum!

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is tiisdei te gast yn Wytmarsum. Ferslachjouwers Arjen Bosselaar en Froukje Sijtsma dogge de hiele dei ferslach.

Moandei wie Simmer yn Fryslân yn Gytsjerk. Dat kinne je hjir lêze.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)