Oantroffen lichem yn de Iselmar is fan fermiste man

28 jul 2020 - 09:17

It lichem dat moandeitejûn yn de Iselmar by Koarnwertersân oantroffen waard, is fan de man dy't sûnt tongersdei fermist waard nei't er fan in sylskip oerboard sloech. Dat befêstiget de plysje. It giet om in 49-jierrige man út de gemeente De Fryske Marren. Syn lichem is oerdroegen oan syn famylje.

"Uit identificatie is gebleken dat het inderdaad gaat om de man naar wie wij sinds donderdag op zoek zijn nadat hij overboord was geslagen", fertelt José van Gijssel fan plysje Noard-Nederlân.

It stoflik omskot waard fûn yn 'e buert fan de slûs by Koarnwertersân, troch minsken op in boat. Van Gijssel: "Zij hebben meteen de hulpdiensten gewaarschuwd. Uiteindelijk hebben wij het lichaam met een politieboot kunnen bergen." It lichem waard dêrnei identifisearre en oerdroegen oan de famylje.

Sonarapparatuer

De man wie mei in groep te silen op de Iselmar, doe't er de gyk tsjin de holle krige en oerboard sloech. Der waard fuortdaalks in grutte sykaksje op tou set, mar nei fjouwer oeren sykjen waard dy sûnder resultaat stillein. De syktocht waard letter wer fuortset, ûnder mear mei sonarapparatuer.

De eksakte lokaasje dêr't de man yn it wetter rekke wie, wie bekend, mar dochs smiet de syktocht neat op. Van Gijssel: "We hebben gisteren meteen de familie geïnformeerd. Het is voor hen natuurlijk prettig dat er einde is gekomen aan de onzekerheid."

José van Gijssel oer it oantroffen lichem

De brêge by Koarnwertersân - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
Trefwurden: 
plysje fermissing Iselmar
(advertinsje)
(advertinsje)