Kollum: "It byld fan Bonifatius"

28 jul 2020 - 08:16

"It noflike fan fakânsje is it leech meitsjen fan de kop. Jinsels ôfslute foar it nijs helpt dêr ôfgryslik by. Even gjin rampen, diskusjes, besmettings of fotomodellen dy't út de kont prate.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Tagelyk fernimme jim oan sa'n opsomming al dat soks net tafalt. Hielendal net as je wer thús binne en fêste gewoanten de oerhân krije. It earste dat ik yn dy situaasje meikrige wie it delheljen fan de bylden fan Churchill en Columbus. Doe't fuort dêrnei in toerist my yn Dokkum hifke hoe't dy by it byld fan Bonifatius komme moast, frege ik my spontaan ôf oft dy dat ek delhelje woe.

Want Bonifatius is net de held, de begrutlik marteler dy't de tsjerke fan him makke hat. Hy wie in religieus pommerant dy't geregeld by de paus en Frankyske hearskers op besite gie. In man fan status, dy't mei in leger fan soldaten, prysters en muontsen yn 754 noch mar ris nei Fryslân teach om de heidenen te bekearen. Dat oerheljen ta it kristendom barde mei it swurd. En dat net allinne: beammen dy't foar de Friezen wichtich wiene waarden kappe, bylden waarden fernield, lykas de timpeltsjes dy't Bonifatius en syn gefolch foarby kamen.

Troch sa te hanneljen, oertrêden se de wet, it Fryske rjocht, de Lex Frisionum. Dêryn stiet titel 11 'Fan de eare fan de timpel', dat stelt dat skeiners fan heidenske kultusplakken mei de dea straft wurde moatte. Bonifatius wie net foar it earst yn Fryslân en wie dêrmei op 'e hichte. Troch mei geweld te wurk te gean, oertrêde er bewust de wet. Boppedat skeinde er it hillich gasterjocht. Saken dy't foar de âlde Friezen slim wichtich wiene.

Wat der dus yn 754 barde wie net in ordinêre rôverij fan in steltsje dieven, sa't de Frankysk-kristlike propagandamasine it brocht hat, mar it útfieren fan in fûnis sa't dat yn de wet fêstlein wie. Dêrby moat net fergetten wurde dat de soldaten fan Bonifatius sûnder mis ôfweefd hiene mei gewoane rôvers. It hat der mei oare wurden fan dat Bonifatius, in man op jierren, it yn 754 noch ien kear besocht hat om dy dôfhûdige heidenen te bekearen.

It wie syn lêste kâns. Dat besef hat him oer de grins fan minsklikens dreaun. Oer de grins fan ridlikens, fan kompasje en fan neisteleafde, alles dêr't syn leauwen him ta ferplichte. Yn stee fan it wurd brocht er it swurd, oertrêde er de wet, liet er him yn syn heechmoed liede troch terreur en begie er moard. Bonifatius wie ûnfersoenlik foar de Friezen oer. Wat dy dêrnei diene, wie stride foar frijheid mei de wet yn de hân, foar de frijheid om te leauwen wat je wolle.

Ta beslút in sitaat fan publisist Van der Tuuk, út in stik dat er foar de bondel Vrijdenken & Humanisme in Nederland skreaun hat: 'Het beeld in Dokkum is te beschouwen als een monument voor de strijd van de heidenen tegen de oprukkende onvrijheid van godsdienst. Deze bijzondere plek getuigt van het heidense verzet en is daarmee van bijzondere betekenis voor de prille opkomst van het humanisme in ons land.'

Ik ha trouwens noch even sjoen: de toerist hat it byld stean litten."

(advertinsje)
(advertinsje)