Coronafirus swingelet ferkeap fakânsjewenten flink oan

It tal ferkochte fakânsjewenten rint de lêste moannen hurd op. Lanlik wurde no fakânsjehuzen ferkocht dy't al jierren te keap stiene en ek de prizen gean omheech. Ek yn Fryslân is dat goed te fernimmen. Henk Aukema fan Waterrijk Wonen sprekt fan in 'gekkeboel' en dat guon huzen suver 'by opbod' ferkocht wurde oant fier boppe de fraachpriis.
Gaby Broekhuijsen © Omrop Fryslân, René Koster
Theo Groen fan Wonen aan Water sjocht ek dat de ferkeap tanimt: "Wy sitte mei in portefúlje fan Earnewâld oant Starum en der is écht sprake fan tanimmende belangstelling. Ek yn it hege segmint. Yn in nijbouprojekt by Heech giet it bygelyks om huzen fan in heal miljoen. Dêr ha we sûnt de coronakrisis dochs al wer fiif fan ferkocht."

Ferskaat oan arguminten

In ferskaat oan arguminten soarget foar dizze belangstelling. Skjinne loft, kwealik reistiid nei de fakânsjewenning, ûnwissens oer bestimmingen yn it bûtenlân en relatyf goede rendeminten by ferhier. Groen: "Mar we hearre no ek dat minsken nei harren fakânsjehûs gean om te wurkjen. Troch de krisis is thúswurkjen folle gewoaner wurden, mar dat kin ek yn in moai grut fakânsjehûs."
Elfstedenhart Wytmarsum yn de brosjuere © Omrop Fryslân, René Koster
It projekt Elfstedenhart yn Wytmarsum fernimt dizze trends ek. It plan koe jierrenlang net fan 'e grûn komme, mar no rint de ferkeap prima, lit Gaby Broekhuijsen fan Parc Estate witte: "In de afgelopen twee maanden hebben we er al 15 verkocht in de prijsklasse tussen de twee en drie ton. Dat is boven verwachting en we kijken al weer om ons heen voor nieuwe, kleinschalige projecten."
Gaby Broekhuijsen oer de nije faze fan it projekt Elfstedenhart yn Wytmarsum