NVWA moat opnij sjen nei plannen islamityske slachterijen, mar noch gjin oplossing

28 jul 2020 - 06:05

Der driget in grut probleem foar de islamityske slachterijen yn Nederlân. De NVWA, de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit, fynt de slachthuzen net 'coronaproof'. Dat betsjut dat der no foar it belangrykste islamityske feest fan it jier, it Offerfeest, net slachte wurde kin.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It Offerfeest begjint offisjeel tongersdeitejûn. Ofrûne moandei tsjinne in koart pleit fan in slachthûs út Harderwijk tsjin de NVWA om dochs slachtsje te kinnen. Umit Akçe fan de islamityske slachterij yn Aldskoat sleat him dêr by oan.

"Wij hebben onze capaciteit ook verminderd naar wat de NWVA wilde. Dat geldt ook voor het personeel. Maar ze hebben de voorstellen afgewezen; ze hebben niet naar oplossingen gezocht", neffens Umit Akçe.

Opnij besjen

Ut it koart pleit kaam moandei dat de NVWA de plannen fan de slachterijen opnij besjen moat. Dy útkomst liket posityf, mar oft der dizze wike wer slacht wurde kin is net dúdlik. "En ik heb al mijn klanten nu al afgezegd", seit Akçe. "Dus alle voorbereidingen van de afgelopen maanden zijn weg."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma seach by de slachterij yn Aldskoat

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)