Ljouwerter 'coronahoaster' feroardiele ta selstraf

In 43-jierrige man út Ljouwert is moandei feroardiele ta in selstraf fan trije dagen, om't hy in befeiliger mei opsetsin yn it gesicht hoaste hat. De man wie begjin maaie yn in gruthannel yn Ljouwert. Hy wie it der net mei iens dat hy mar mei ien oar famyljelid tagelyk nei binnen mocht, en hoaste dêrop de befeiliger yn it gesicht.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De befeiliger moast dêrom test wurde op it coronafirus en koe dêrtroch meardere dagen net wurkje. De feroardielde hat syn straf al útsitten, mar krige ek noch in selstraf fan sechtich dagen ûnder betingst. Hy moat ek ferplichte in kursus respekt folgje, om mei lilkens en frustraasje om te gean. De befeiliger krige 350 euro smertejild en ek noch in fergoeding foar makke kosten: 325 euro.