Turncoach Van den Berg oer misstannen yn de turnwrâld: "It wie in bizarre kultuer"

27 jul 2020 - 22:47

It turnskandaal yn ús lân wreidet him fierder út. Der komme hieltyd mear ferhalen oer mishannelingen nei bûten, nei't turncoach Gerrit Beltman bekende dat hy syn pupillen fernedere en mishannele hat. Turncoach Tjalling van den Berg fan de turnskoalle op It Hearrenfean herkent de ferhalen en pleitet foar in folslein nij belied, al sil dat neffens him net maklik wêze.

Foto: Omrop Fryslân

"Dy ferhalen binne eins al jierren oan de gong", seit Van den Berg, dy't it nijs oer de misstannen yn de turnwrâld fergeliket mei in heidebrân. "Alle dingen komme no gear: turnsters, de oandacht komt derop, dus der komme hieltyd mear minsken dy't dy dingen út it ferline in kear nei foaren helje. It is dus no net mear in heidebrân, it is in fjoersee. En omdat der yn it ferline noait goed blust is, is it no ek hast net mear te blussen."

Gerben Wiersma

De lieding fan de gymnastykuny KNGU sil dizze wike yn petear mei turntrainers Vincent Wevers en Gerben Wiersma. Dit bart nei oanlieding fan it ferhaal fan âld-turnster Joy Goedkoop, dy't seit dat Wevers har skopte en sloech en dat it trainen ûnder Wiersma wol sûnder geweld gie, mar dochs "onmenselijk" wie. Wiersma komt út Fryslân en is bûnscoach fan de Nederlânske turnsters. Hy rûn eartiids staazje by Tjalling van den Berg.

Neffens Van den Berg is der op It Hearrenfean mei it oanstellen fan Wiersma al in kultueromslach makke. "In jonge coach, út eigen omjouwing, dy't mear op de turnster wie as sintraal, yn stee fan de trainer belangryk en de oefenstof belangryk. Dus it wie eins in moderne coach." Hy fynt it ek te fier gean, om it ferhaal oer Wiersma oan ien turnster op te hingjen.

Statement fan de Oranje-seleksje

De bêste turnsters fan Nederlân "herkennen zich niet in het beeld dat nu geschetst wordt van het Nederlandse turnen met betrekking tot de verhalen van vroeger". Dat melde se yn in mienskiplike ferklearring dy't troch Sanne Wevers dield wurdt. "De afgelopen periode vormt er een opeenstapeling van triest nieuws vanuit de turnwereld. Eerst internationaal, maar nu ook nationaal. Ons medeleven gaat uit naar iedereen die negatieve ervaringen in onze sport heeft gehad."

De Oranje-seleksje seit dat der yn harren team in sûn topsportklimaat hearsket en ropt de KNGU op om op deselde manier fierder te gean. De ferklearring is út namme fan ûnder oaren Eythora Thorsdottir en Lieke Wevers en Sanne Wevers ferstjoerd. Vincent Wevers, de heit fan de twa turnsters, liet ôfrûne wykein witte ek mei in ferklearring te kommen.

De begelieding fan Wiersma die de turnsters fertuten, seit Van den Berg. "Wy slaggen der op It Hearrenfean yn om turnsters dy't normaal mei santjin jier folslein fysyk en mentaal ôfbaarnd wiene, oant hast tritich jier te hâlden."

Bizarre kultuer

Mar dat gie net oeral sa, wit Van den Berg. "It hiele turnjen, oer de hiele wrâld, wie ferskriklik. Ferbaal geweld, turnsters wienen ôfhinklik, it wie in hiele bizarre kultuer. En ik fûn just dat wy troch de oanstelling fan dit soart coaches op it goede spoar sieten. Dus ik herken my dêr net yn, de lêste jierren, seker net yn it Hearrenfeanske. Mar op oare plakken yn Nederlân ha noch altyd dingen dwaande west dy't net troch de bûgel kinne."

Van den Berg tinkt dat der in folslein nij belied en in dúdlik statement oer trainers nedich is om in ein oan de misstannen te meitsjen, mar is der op it stuit in tekoart oan jonge, goed oplate trainers om in definitive omslach te meitsjen.

Turncoach Tjalling van den Berg

(Advertinsje)
(Advertinsje)