Blessearre Jordy van Deelen op syk nei nije klup: "FC Kruisband heeft zich gemeld"

27 jul 2020 - 18:12

Gruttere ûngeloksfûgels as Jordy van Deelen binne der yn de fuotbalwrâld no net te finen. Hy spile de lêste fjouwer seizoenen foar SC Cambuur, mar de ôfrûne twa jier waard er pleage troch knibbelblessueres. Ien kear skuorde er syn krúsbân ôf, de folgjende kear siet er mei de binnenbân fan syn knibbel en no is er koartlyn wer holpen oan in lossittende krúsbân. Yn de nije Sportcast praat er deroer.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcast-ôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

Ynsakte bank

Dat Van Deelen wer ûnder it mes west hat, betsjut dat er it kommende seizoen wierskynlik wer net spylje kin. "Een kruisband daar staat negen maanden voor, dus ja. Ik ben een positieve jongen. Natuurlijk knauwt het wel even, als je hoort dat het moet gebeuren", fertelt de ferdigener út Rotterdam wei, dêr't er wennet.

Benammen de earste wiken nei de operaasje wiene dreech foar him. "Je ligt languit op de bank. De dagen duren zo lang, want je kan niks. De muren komen op je af en de bank is helemaal ingezakt, want je zit altijd in hetzelfde hoekje. ik moet volgend jaar maar een nieuwe bank kopen", laket Van Deelen.

It lestige foar de âld-Cambuurspiler is dat hy no sûnder klup sit. In moanne lyn rûn syn kontrakt yn Ljouwert ôf en trochdat er it ôfrûne healjier blessearre west hat, wie der net in soad belangstelling foar him. Van Deelen: "Er had zich één club gemeld en dat was FC Kruisband."

Foto: Omrop Fryslân

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast alle moandeis by oer al it sportnijs, mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)