Dirk Jan Reijenga: "Ik hie it no wer presys itselde dien as yn 2017"

27 jul 2020 - 18:00

Ald-skipper fan it Jouster skûtsje Dirk Jan Reijenga en âld-ferslachjouwer by it skûtsjesilen Sippy Tigchelaar binne moandei 27 july te gast yn it Skûtsjesjoernaal. Reijenga wie alve jier skipper op De Jouwer. Yn 2015 waard hy kampioen. Yn 2017 hâlde hy op nei in tumultueuze simmer op it skûtsje. De Jouwer ferliet it SKS-kampioenskip nei in konflikt mei it bestjoer fan de SKS oer de orizjinaliteit fan it skûtsje. Nei dat kampioenskip stapte Reijenga op en oant de dei fan hjoed docht hy neat mear mei skûtsjesilen.

Sippy Tigchelaar die fan de jierren 70 ôf ferslach fan it skûtsjesilen. Mei Klaas Jansma fertelde se de minsken thús hoe't it der om en ta gie op de Fryske marren. Se soargen mei foar in grutte populariteit fan de silerij. Acht jier lyn hâlde it duo op, mar de leafde foar it skûtsjesilen is der noch altyd.

Yn de histoaryske reportaazje gean we fierder yn op de orizjinaliteit fan skûtsjes. Der is in spesjale kommisje dy't him dermei dwaande hâldt. De oade oan it silen komt fan Baukje Salverda.

Foto: Omrop Fryslan

It Skûtsjesjoernaal is twa wiken lang te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De útstjoeringen komme alle dagen út it Skûtsjemuseum yn Earnewâld wei. Alle dagen skowe der twa gasten oan by de tafel fan presintator Simone Scheffer. Dêrby is der fansels wiidweidich oandacht foar de grutte ferhalen, de stoere skippers en de legindaryske anekdoaten fan eartiids.

Neist de petearen oan tafel binne yn it programma histoaryske reportaazjes oer de skiednis fan de SKS te sjen. Fierder sille ferskate keunstners in oade bringe oer har gefoel by it skûtsjesilen. It programma is te sjen fan moandei 20 july oant en mei freed 31 july.

(advertinsje)
(advertinsje)