Pasjinten MCL ride mei nije labyrintfytsen tusken oaljefanten en sjiraffen

It Ljouwerter sikehûs MCL hat seis nije saneamde labyrintfytsen yn gebrûk naam. De fytsen moatte it foar de pasjinten oantreklikker meitsje om te bewegen.
Nije labyrintfytsen yn MCL
It binne deselde fytsen dy't ek wol yn de sportskoalle brûkt wurde. Mar yn stee fan inkeld nei in lege muorre te sjen, kinne minsken by de labyrintfytsen in eigen rûte útsykje. Dizze rûte is dan te sjen op in telefyzjeskerm dat foar de fytsen stiet.
De rûten yn it MCL rinne troch bygelyks Snits en Ljouwert, mar ek troch grutte stêden sa as Londen en New York. De pasjinten binne tige wiis mei de fytsen, sa seit pasjint Klaas Abma. "Do kinst troch stedsjes fytse en troch de heide, sjochst allegear nije dingen. Der binne ek bylden by fan natuerparken, mei oaljefanten, sjiraffen en neam mar op. Dêr fytst dwêrst trochhinne, dat is skitterjend."
Klaas Abma © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Anita van Opzeeland is fysioterapeut yn it MCL en sjocht dat de pasjinten graach fan de labyrintfytsen gebrûk meitsje wolle. "Patiënten komen meer in beweging dan op een normale hometrainer." Neffens Van Opzeeland is dat fan grut belang foar de pasjinten.
"Het is heel belangrijk dat zij in beweging blijven, want elke dag dat een patiënt in bed ligt gaat er ongeveer 4 tot 5 procent van kracht en conditie weg. Het opbouwen daarvan kost veel meer tijd." Van Opzeeland neamt beweging in essinsjeel ûnderdiel fan it herstel fan de pasjinten.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De seis fytsen yn it MCL binne al yn gebrûk, mar moandeitemoarn wie der dochs noch in offisjeel momint. Trainer Henk de Jong fan Cambuur fytste op in labyrintfyts troch it stadion fan Cambuur.
De fytsen binne in inisjatyf fan de Vrienden fan MCL. It sikehûs hopet yn de takomst noch mear labyrintfytsen oanskaffe te kinnen.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Ferslachjouwer Jantine Stoffers wie yn it MCL om te sjen wat de pasjinten fan de fytsen fine