Skriuwwedstriid om Grutte Pier te betinken; dit jier 500 jier lyn stoarn

Dit jier is it 500 jier lyn dat de Fryske frijheidsstrider Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier, stoar. It berteplak fan Pier is Kimswert en dêr ûntstie it inisjatyf om doarpsgenoat Pier te betinken mei in skriuwwedstriid.
Kimswert mei de Sint-Laurentiustsjerke en it byld fan Grutte Pier, makke troch Anne Woudwijk © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Foar de skriuwwedstriid kinne minsken in essay, ferhaal, beskôging, kollum of gedicht skriuwe oer frijheid, it iennige dat foar Grutte Pier telde.

Frijheid

Fragen dy't dêrby helpe kinne, binne: rjochtfeardige Pier syn driuw nei frijheid de wize dêr't er de striid mei oan gie? Is it terjochte dat de Fryske kriichshear, frijheidsstrider, kaper en seerôver fereare wurdt as in folksheld? Hoe is frijheid belibbe troch de iuwen hinne? Hoe sjocht frijheid derút? Binne wy yn 2020 noch wol frij, as yndividu of as groep? Hoe is dat yn Fryslân, yn Nederlân en wrâldwiid?
De sjuery bestiet út de skriuwers Willem Schoorstra en Meindert Bylsma. De priisútrikking is om 28 oktober hinne, de stjerdatum fan Pier, yn Hotel Grutte Pier te Kimswert.

Prizen

Earste priis: tegeltablo besteande út 28 tegels fan Pier, makke troch Sjoukje Tijssen fan FRIEStile te Kimswert. Twadde priis: oernachting yn Hotel Grutte Pier yn Kimswert foar twa persoanen.
* De tekst is op syn heechst 1.500 wurden lang
* Jo meie yn it Frysk of Nederlânsk skriuwe
* De ynstjoerings wurde anonym beoardiele
* Alle ynstjoerings wurde bondele yn in boek
Stjoer de bydrage uterlik 1 septimber 2020 nei info@friestile.nl.