Nije rûte oer it wetter lit de skiednis fan Aldegea, Idzegea en Sânfurd sjen

Far dy Frij! is in nije rûte dy't de skiednis fan Aldegea, Idzegea en Sânfurd sjen lit. De rûte is te sjen yn de app MeAR. "It is de earste oer it wetter. Farst lâns mominten út de oarloch, sjochst bygelyks de plakken dêr't wapens ferburgen wienen", fertelt Tjitske Swierstra, eigener fan MeAR Media, dêr't MeAR Fryslân ûnder falt.
© Omrop Fryslân
Yn dizze app binne tal fan rûtes opnommen, foar fytsers, kuierders en automobilisten en no dus ek foar boatsjefarders. Der wurdt gebrûk makke fan augmented reality. "Op it plak sjochst dan op de telefoan wat oer de skiednis, lykas de poartwachter by de Wetterpoarte yn Snits of Gysbert Japicx yn Boalsert", fertelt Swierstra. Ek binne der rûtes by alle Fryske stêden del. Swierstra: "Dy fan de alve fonteinen wurdt in soad download."
Tjitske Swierstra fan MeAr Media