PC-foarsitter Ids Hellinga: "Kom woansdei net nei it Sjûkelân"

"Kom woansdei net nei it Sjûkelân yn Frjentsjer." Dat is de oprop fan PC-foarsitter Ids Hellinga. Fanwegen it coronafirus wurdt der dit jier gjin PC hâlden yn Frjentsjer. Dochs berikke de organisaasje ferskate lûden fan minsken dy't fan plan binne om dochs nei it Sjûkelân te kommen. En dat is perfoarst net de bedoeling, seit Hellinga mei klam. "Set de radio oan, mar kom net."
PC-foarsitter Ids Hellinga: "Kom woansdei net nei it Sjûkelân"
Nei't ferline wike definityf it beslút naam waard om de PC dit jier definityf te skrassen, waard bekend makke dat der as alternatyf in junioarepartij organisearre wurdt op woansdei. "Wy nûgje boppedat alle âld-PC winners út", fertelt Hellinga. "Der meie lykwols net mear as 150 minsken komme, mar der berikke ús lûden dat minsken nei Frjentsjer komme wolle om de gok te nimmen. Wy roppe minsken op om perfoarst net te kommen, mar ôf te stimmen op Omrop Fryslân radio en telefyzje."

Stekken om it Sjûkelân

De PC-organisaasje is ferantwurdlik om der foar te soargjen dat der net te folle minsken op it fjild stean. Om it fjild stean stekken, sadat minsken net samar it fjild op rinne kinne. Hellinga: "Wy hoopje op begryp fan de keatsleafhawwers om dizze dei thús te belibjen. Wy ha in prachtich moai programma betocht om fia de radio of tv thús te genietsjen."
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Ids Hellinga

Mis neat fan de PC mei Omrop Fryslân

Kommende woansdei stiet Omrop Fryslân wiidweidich stil by de PC. Op radio en telefyzje kinne jo de hiele dei genietsje fan live reportaazjes en ynterviews mei âld-winners fan de ferneamde keatspartij. Wy slute de dei ôf om 18.00 oere mei PC Kafee, dat online te folgjen is.