Jongfryske Mienskip docht ûntbleating Fedde Schurer-byld opnij

27 jul 2020 - 12:32

De ûntbleating fan it stânbyld fan Frysk dichter en strider Fedde Schurer wurdt op 15 augustus oerdien troch de Jongfryske Mienskip. Dit wykein ûntstie der wat opskuor oer hoe't de gemeente Hearrenfean de ûntbleating ôfrûne sneon oanpakte. Doe waard net in wurd Frysk praat en freon en kollega-skriuwer Hylke Speerstra bleau út protest fuort.

Sijbe Knol, FNP-steatelid fynt it skande dat it sa gien is. "Der is gjin rjocht dien oan de persoan fan Fedde Schurer en dat kinne we opnij dwaan, op ús eigen wize. Hy hat in soad betsjut foar de emansipaasje foar it Frysk. We wolle net yn it negative hingjen bliuwe en sette we yn op in positive ynstek."

Ien fan de sprekkers by de nije ûntbleating is histoarikus Peter Boomsma, dy't in boek oer Fedde Schurer skreau. "Troch Schurer hat de emansipaasje fan it Frysk in boost krigen en mei Kneppelfreed yn 1951 is de basis lein foar it wetlik brûken fan it Frysk yn it ûnderwiis en de rjochtspraak. It gie sneon mear oer de ferpleatsing fan it byld en it Frysksinnige is wat ferjitten. Foar de FNP sit it mear yn de Fryske emoasje."

It byld fan Schurer stiet no oan de Tsjerkstrjitte by de yngong fan de parkeargaraazje - Foto: Omrop Fryslân

Sijbe Knol en Peter Boomsma

(advertinsje)
(advertinsje)