Gjin nije ûntwikkelingen yn syktocht nei fermiste man op de Iselmar

27 jul 2020 - 12:06

Der binne op it stuit noch gjin nije ûntwikkelingen te melden yn de syktocht nei de fermiste man dy't oerboard sloech op de Iselmar. De plysje hat ôfrûne sneon socht mei spesjalisearre materiaal, sa as in sonorboat. Mar spitigernôch wie dy syktocht sûnder resultaat. Nei dizze aksje waard de syktocht staakt.

De Iselmar tusken Nijemardum en Aldemardum. - Foto: Remco de Vries

It wettertafersjochteam op de Iselmar bliuwt nei de fermiste man sykjen. As dêr nije ynformaasje komt, sil de plysje de syktocht wer opskale. De man dy't oerboard sloech, wie mei in groep te silen op de Iselmar, doe't er de gyk tsjin de holle krige en yn it wetter rekke.

(advertinsje)
(advertinsje)