RTV NOF en Omrop Fryslân sille yntinsyf gearwurkje

27 jul 2020 - 12:00

RTV NOF en Omrop Fryslân sille yntinsyf gearwurkje om de lokale sjoernalistyk te fersterkjen. Beide omroppen hawwe in subsydzje fan in heal miljoen euro krigen út de pot 'Versterking van de Lokale Journalistiek' fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. Mei dy stipe kinne de omroppen foar de kommende fjouwer jier trije ekstra sjoernalisten oannimme, dy't de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Skiermûntseach en Amelân as harren wurkgebiet krije.

De redaksje fan RTV NOF, de lokale omrop foar de regio Noardeast Fryslân, bestiet no foar it grutste part út frijwilligers en wol graach in kwaliteitsslach meitsje. De gearwurking mei Omrop Fryslân en de oanstelling fan in tal profesjonele sjoernalisten sil dêr in flinke ympuls oan jaan, sa is de ferwachting. De trije nije sjoernalisten komme yn tsjinst by Omrop Fryslân en sille aktyf wêze yn de seis gemeenten yn de regio Noardeast Fryslân. Sy wurde stasjonearre op de redaksje fan RTV NOF yn De Westereen.

Fersterking fan beide omroppen

De trije sjoernalisten wurkje foar beide omroppen, wêrby't gebrûk makke wurde kin fan inoars ferhalen. De organisaasjes kinne ek inoars argiven brûke. De redaksje fan RTV NOF kin boppedat profitearje fan de kennis en ûnderfining dy't no al beskikber is by de omrop.

Yn de regio dûke

De nije sjoernalisten krije ûnder oare as taak de lokale polityk en maatskiplike ûntjouwingen yn de seis gemeenten te folgjen en kontrolearjen. Dat betsjut ek dat se oanwêzich wêze sille by gemeenteriedsgearkomsten en oare lokale oangelegenheden. Njonken de deistige nijsferslachjouwing wurde ferdjipjende nijsferhalen makke. Alle ferhalen binne yn it foarste plak bestimd foar de lokale omrop. In part dêrfan sil lykwols ek geskikt wêze foar Omrop Fryslân en ynsidinteel kin ek de lanlike publike omrop gebrûk meitsje fan de ferhalen. Op dy wize wurde alle trije lagen fan it publike bestel betsjinne.

"Boppeslach foar de regio"

Haadredakteur Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân is bliid mei de subsydzje: "Mei dit projekt fersterkje we de lokale en dêrmei ek de regionale sjoernalistyk. Lokale sjoernalisten kontrolearje it gemeentebestjoer en lokale politisy en binne mei dêrom in ferbinende faktor yn de lokale mienskip."

Foarsitter Marco Keizer fan RTV NOF: "Wy bliuwe bouwen oan in streekomrop dy't struktureel lokaal tarikkend media oanbod oan de ynwenners fan de regio Noardeast Fryslân biede kin. Dit trajekt is in wolkomme oanfolling dêrop en is kenmerkjend foar de groei dy't we trochmeitsje. In boppeslach foar de regio."

Ingrid Spijkers (Omrop Fryslân) en Marco Keizer (RTV NOF) - Foto: RTV NOF

Marco Keizer fan RTV NOF

Trefwurden: 
Omrop Fryslân RTV NOF media
(advertinsje)
(advertinsje)