"As sport gean we der super mei om, mar yn dyn hert witst, it hie noait safier komme moatten"

27 jul 2020 - 12:00

Skûtsjes moatte oan in soad easken foldwaan om mei te silen yn de SKS. Se moatte autentyk wêze. Yn 1987 waard de orizjinaliteitskommisje oprjochte om derfoar te soargjen dat der net omgriemd wurdt mei de âlde skippen. Sport en orizjinaliteit komme bytiden yn konflikt mei mekoar. Skippers wolle hieltyd hurder, mar autentisiteit set dêr de rem op.

Yn it ferline is der in soad feroare oan de skippen, mar de orizjinaliteitskommisje hat dêr dochs in soarte fan halt oan taroppe kinnen. Neffens Sietze Bruinsma fan de kommisje is it bytiden wol fjochtsjen tsjin de bierkaai. "De mêsten binne tsjintwurdich heger, de mêsten binne nei achteren opskood, de roeven binne nei foarren gong en it syl hat in hiel oar silhûet krigen. Wat dat betreft hat de orizjinaliteitskommisje syn wurk net goed dien", laket er.

Foto: Omrop Fryslân

Skûtsjesjoernaal

Yn it Skûtsjesjoernaal binne op moandei 27 july te gast âld-skipper Dirk Jan Reijenga en Sippy Tigchelaar.

Reijenga wie skipper op it skûtsje fan De Jouwer. Yn 2017 krige hy spul mei de SKS oer de orizjinaliteit fan it skûtsje. Hy besleat it kampioenskip te ferlitten om't er it net iens wie mei it bestjoer fan de SKS.

Sippy Tigchelaar wie ferslachjouwer by it skûtsjesilen. Mei Klaas Jansma soarge se foar in grutte populariteit fan it silen by it grutte publyk.

De oade oan it skûtsjesilen komt fan Baukje Salverda.

It Skûtsjesjoernaal is twa wiken lang te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De útstjoeringen komme alle dagen út it skûtsjemuseum yn Earnewâld wei. Alle dagen skowe der twa gasten oan by de tafel fan presintator Simone Scheffer. Dêrby is der fansels wiidweidich oandacht foar de grutte ferhalen, de stoere skippers en de legindaryske anekdoaten fan eartiids.

Neist de petearen oan tafel binne yn it programma histoaryske reportaazjes oer de skiednis fan de SKS te sjen. Fierder sille ferskate keunstners in oade bringe oer har gefoel by it skûtsjesilen. It programma is te sjen fan moandei 20 july oant en mei freed 31 july.

Trefwurden: 
skûtsje SKS orizjinaliteit
(advertinsje)
(advertinsje)