Jongelju fan Raerd betinke eigen ferzje fan Carbagerun

27 jul 2020 - 11:27

Fjirtjin jongeren út Raerd en omkriten sille in wike lang yn sân auto's troch Nederlân ride om tal fan opdrachten út te fieren. Se dogge dat yn auto's dy't maksimaal 750 euro kostje en moatte fan foar it jier 2000 boud wêze. Dat docht tinken oan de ferneamde Carbageruns dy't ea fanút Ingelân ûntstien binne. De groep út Raerd is moandeitemoarn begûn mei de tocht.

Klaas Fokke Plantinga is ien fan de dielnimmers en hat der in soad nocht oan. "Wy begjinne út Raerd wei. Wy witte noch net wat foar opdrachten we ûnderweis útfiere moatte. Dy opdrachten binne betocht troch ús heiten en memmen." De reis nimt de sân auto's mei lâns de grinzen fan Nederlân. "Wy ride allinnich oer binnenwegen en wy meie allinnich op de kaart sjen, net op de telefoan."

De auto's binne fan fierôf al werkenber. Alle auto's hawwe in opfallend kleurke: twa hippy-auto's, mar ek auto's yn de kleuren fan in krokodil of ko. De groep set earst koers rjochting Skerpenseel, dêr't de striid begjint. Sneon einiget de reis. Oan de opdrachten binne punten ferbûn, wêrtroch't oan de ein fan de wike in winner út de bus komt.

Tiisdei en freed kinst yn it programma De middei fan Fryslân hearre hoe it giet mei de groep út Raerd.

(advertinsje)
(advertinsje)