Kitesurfers fersteure briedende fûgels op sânplaat Het Rif

It is drok op it Fryske wetter. Benammen boatsjefarders en kitesurfers witte ús provinsje goed te finen. Dat fernimme se ek op de eilannen. Net alle wettersporters hâlde har lykwols oan de regels. Op plakken dêr't gjin minsken komme meie, wurde geregeld wettersporters sjoen. Ien fan dy plakken is Het Rif, in sânplaat tusken It Amelân en Skiermûntseach, dêr't kitesurfers de regels oertrêdzje.
Trije oeren foar en trije oeren nei heech wetter meie der gjin minsken op de sânplaat komme om de natoer net te fersteuren. Dochs bart dat geregeld, blykt út in tweet fan Waadman. Boskwachter Marjan Veenendaal fan Steatsboskbehear baalt dêr flink fan, lit se as reaksje op Twitter witte. "Jeetje, kennelijk is geen activiteiten 3 uur voor en 3 uur na hoog water wel erg moeilijk te begrijpen."