Liveblog | 27 july 2020

Simmerblog: Simmer yn Gytsjerk

It is simmer yn Fryslân! Dizze simmer meitsje de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân in toer fan acht wiken troch ús provinsje.
Lêst bywurke: 28 july 2020, 10:39
moandei 27 july 2020
17:48

Ein fan dit simmerblog

Dit is de ein fan dit simmerblog. Tank foar it folgjen.
Tiisdei binne we yn Wytmarsum, oant dan!
17:29

Besjoch de telefyzje-útstjoering oer Gytsjerk

17:20

Feestkommisje

Dit jier is it spannend oft it doarpsfeest wol trochgean kin. Bonne Ate Duursma fan de feestkommisje fynt it spannend. "It is ôfwachtsjen no. We besykje wat te dwaan, wat lytser. We ha it al ferskood nei begjin septimber. It wurde spannende wiken. We witte net iens oft we in tinte delsette meie."
Guon doarpsfeesten binne yn hiel Fryslân bekend, lykas dy fan Gytsjerk. "We ha goeie bands, in goede romte en we binne goed berikber, dy namme ha we al fan earder ôf."
© Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Bonne Ate Duursma
16:18

Folkstún

© Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Gytsjerk hat ek in folkstún, De Singelwrotters, op it eardere plak fan in gerniersbedriuw. It kompleks is der sûnt ein jierren santich. Klaas Bakker is al jierren lid. "It eigen kweekte iten is echt lekkerder en it giet no mear om de belibbing fan de eigen tún, dan witst wat der mei dien is." Hy hat sels twa perselen. "Op ien steane krúsbeien, noch fan beppe." It kostet in hoop tiid, "mar it is hobby en net wurk."
Der komme hieltyd mear froulju by de klup, ien fan har is Marjan Dagelet. "Er is meer aandacht voor natuurlijk voedsel, en het smaakt veel lekkerder." It sosjale aspekt is ek belangryk. "Ik klets altijd gezellig met de buurvrouw en we wisselen wetenswaardigheden en plantjes uit. En we hebben ook klussendagen een paar keer per jaar gezamenlijk, dat verhoogt de saamhorigheid."
Op sneon 8 augustus ha De Singelwrotters iepen tún fan 13.00-18.00 oere.
Op de folkstún
15:12

Oldtimers

© Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Simon Feenstra hâldt fan âlde auto's. Ien dêrfan is in Alvis út 1924. "Ik bin der wiis mei, we ride der ek wol in alvestêdetocht mei. Ik fyn de technyk hiel moai, it is ek ienfâldich, sjochst alles bewegen."
Pake hie ek wat mei auto's, hy wie earst sjauffeur yn Dútslân en letter is er in garaazjebedriuw begûn. "Fan pake ha ik as jonkje in maskotte krigen fan in Alvis, in haske en jierren letter ha ik pas sa'n auto yn Ingelân kocht. It is hurd wurkjen yn in âlde auto, mar de reaksjes ûnderweis fan minsken binne prachtich en ik krij ek mear foarrang as ik fertsjinje."
Hy hat ek noch in jonger model Alvis út 1964.
© Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Simon Feenstra
13:42

Skriuwmasinemuseum

© Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Ryk van Dijk (74 jier) hat in skriuwmasinemuseum mei 500 masines, 250 derfan binne te besjen yn syn museum. "As ik in skriuwmasine sjoch, bin ik hielendal yn de wolken." Hy siet op de ambachtsskoalle en waard út de klasse helle. "Ik moast mar skriuwmasinemonteur wurde, ik wie fierstente krekt foar it oare wurk. Ik bin dy man noch altyd tankber."
Hy is dwaande om in âlde Remington op te knappen. Hy krige syn oplieding ek by Remington en learde dêr de betsjutting: Rammelt Enorm Maakt Iedere Nerveus Geeft Telkens Onnodige Narigheid. Dat is net sa, it binne oerdeeglike masines."
Van Dijk syn hok stiet fol, it binne allegear skinkingen. "Ik moat moarns gau sjen dat ik yn it hok kom. Myn frou komt sa no en dan sjen en seit dan 'jonge jonge, foar datst deagiest soargest der wol foar dat it leech komt'."
Ryk van Dijk