Brânwacht set heechwurker yn om dowen te rêden fan balkon yn Ljouwert

27 jul 2020 - 08:31

De brânwacht fan Ljouwert hat sneintejûn mei in heechwurker twa dowen rêden út harren benaude posysje. De beide bistjes sieten fêst tusken it raam en in izeren stek op it balkon fan in appartemint oan it Ruterskertier.

Foto: AS Media

De bewenners fan it appartemint ûntdutsen de dowen en warskôgen de bisteambulânse. Dy slagge der lykwols net yn de bisten los te krijen, wêrnei't de brânwacht oproppen waard. Dy sette de heechwurker yn en wist de beide heechfleaners los te krijen.

(advertinsje)
(advertinsje)