Kollum: "Tongtútsje"

27 jul 2020 - 08:17

"Lêstendeis stienen wy te tútsjen yn de keuken doe't de âldste binnenkaam. 'Gadver!' rôp se, doe't se ús stean seach. 'Dogge jim it ek mei de tonge?' frege se en se luts der in fiis gesicht by. Doe't wy knikten, rôp se noch folle hurder dat sy soks noait dwaan soe. Noait. It waard ús twadde weddenskip.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Weddenskip ien bestiet út de kwestje oft sy wol of net foar har achttjinde in string oandocht. Of sa't se it sels neamt: in naadûnderbroek. Ik wedzje fan wol, sy swart by heech en by leech dat se noait mar dan ek noait in naadûnderbroek oan dwaan sil.

De twadde weddenskip is dat se binnen no en twa jier mei ien tongtútsje sil. Allinnich al by it wurd knypt se de eagen stiif ticht. Dat jildt trouwens ek foar de jongste. As wy in film sjogge dêr't yn tute wurdt, slacht dy fuortendaliks de hannen foar de eagen. Kenlik is tútsjen op dy leeftiid hiel ûnsmaaklik.

Ik snap it wol, ik moast der froeger ek net oan tinke om by ien de tonge yn de mûle te stekken. Mar ach, as it sa fier is, dan dochst der toch oan mei. Ik wit noch goed dat ik op de basisskoalle ferkearing hie. Doe waard my ferteld dat tútsjen ek mei de tonge kin. Ik leaude der neat fan. Mar fansels, it wie it besykjen wurdich. It soe nammentlik héarlik wêze. Krekt as by myn earste glês bier grouwe ik ek fan dy allerearste kear tútsjen op de basisskoalle mei de tonge fan in oar yn myn mûle. Harrejakkes.

Ik moast lang wachtsje foardat ik in herkânsing krige. Ik hie op de middelbere skoalle wolris ferkearing, mar fan tútsjen kaam it noait. Dêr wie ik fierstente skiterich foar. Pas doe't wy echt op stap gongen yn Drachten die him de earste gelegenheid wer foar. En earlik is earlik: ek dit kear wie it gjin sukses.

Gelokkich hie ik dit kear it gelok dat ús beide tongen mei de nedige alkohol ûntsmet wienen. Ik preau eins allinnich bier doe't it safier wie. En mei safier bedoel ik dat ik samar ynienen in lape tonge yn de mûle hie dy't as in op hol sleine sintrifúzje rûntsjes draaide. Ik waard der net waarm mar earder kâld fan.

Yn dy tiid lies ik noch de BreakOut, dêr't ik it ferûntrêstende berjochtsje tsjinkaam dat de baksillen fan in oar nei it tútsjen noch wol in wike yn dyn mûle sitten bliuwe. Ik swar dat ik nei it lêzen fan dit ferhaal prompt wer it bier priuwe koe fan dy jûn yn Jennifeu.

Ik moat sizze: hoe mear ik oefene, hoe better it waard. Mar dat sis ik fansels net tsjin de âldste hjir thús. Dy moat noch mar moai efkes tinke dat der neat smoargers is as tongtútsje. No ja, tongtútsje yn in naadûnderbroek; dat soe noch folle goarder wêze."

(advertinsje)
(advertinsje)