De redens kinne wer út it fet: it simmeriis fan Thialf is klear

Ek al is moai simmerwaar kommend wykein foarsein, op It Hearrenfean sette se de mûtse wer op. It simmeriis fan Thialf is sûnt moandei it plak foar topreedriders. Langebaanriders kinne traine op de 400 meter-baan. It iis bliuwt oant 14 septimber lizzen, as it winterseizoen úteinset. Shorttrackers koene al fan 13 july ôf gebrûk meitsje fan de iisbaan op it middenterrein yn Thialf.
Simmeriis yn Thialf © ANP
Marc Winters, direkteur-bestjoerder fan Thialf, is wiis mei de kwaliteit fan it simmeriis. "Dit ijs is gelijk aan het winterijs. De baan ligt er prachtig bij." De kommende sân wiken kinne topreedriders dy't dat wolle harren rûntsjes ride. Dêr sit in priiskaartsje oan, jout Winters ta. Reedrydbûn KNSB en Thialf hawwe dêrfoar in akkoart sletten.
Earder wie der opskuor oer it simmeriis, ûnder oare om't Sven Kramer der net oer te sprekken wie dat reedriders nei Inzell moasten om te trainen en yn de simmer net op It Hearrenfean terjochte koene. Neffens Winters is der gjin reden ta kleien, om't it simmeriis yn fergeliking mei foargeande jierren net letter is as gewoan.
Direkteur Marc Winters fan Thialf