FNP stelt fragen oer 'suterige' ûntbleating stânbyld Fedde Schurer

De FNP-fraksje fan gemeente Hearrenfean stelt fragen oan boargemaster en wethâlders oer de neffens de partij 'suterige' gong fan saken by de ûntbleating fan it stânbyld fan Frysk dichter en strider Fedde Schurer ôfrûne sneon.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
"Der wiene gjin blommen en gjin Fryske flagge. It iennichste wurd Frysk by de ûntbleating wie it wurd 'strider' op it stânbyld", skriuwt de partij oan it kolleezje. "Ik haw it Frysk bot mist by de iepeningshanneling", seit FNP-riedslid Ate Eijer, dy't sels by de ûntbleating oanwêzich wie. Eijer is nei de ûntbleating oansprutsen troch ferskate ynwenners fan It Hearrenfean en hat no besletten om riedsfragen yn te tsjinjen by de griffy.

Flaters

It hat Eijer bliken dien dat de oarspronklike útnûging foar de ûntbleating grôtfol flaters stie. De meast pynlike flater wie dat neffens de earste útnûging de widdo fan Schurer belutsen wêze soe by de kar foar it nije plak fan it stânbyld. Dat kin net, want frou Schurer is al lang lyn ferstoarn. De gemeente hat dêrom letter noch in twadde útnûging makke mei in oanpaste tekst, mar ek dy wie net flaterfrij.
De flater oer frou Schurer en ferskate oare flaters wiene foar kollega-skriuwer en sjoernalist Hylke Speerstra reden om de gemeente yn 't foar witte te litten dat er net komme soe. In telefoantsje fan kultuerwethâlder Hans Broekhuizen brocht Speerstra net op oare gedachten. "As je sokke flaters meitsje, dan nimme je it net serieus", is Speerstra fan betinken. Dat de ûntbleating fan it byld fan Schurer folslein Nederlânsktalich wie fynt de skriuwer like ûnbegryplik. "Fedde soe him yn syn grêf omdraaie, dêr bin ik wol wis fan."
It byld fan Schurer stiet no oan de Tsjerkstrjitte by de yngong fan de parkeargaraazje © Omrop Fryslân

Fryske taal

De FNP-fraksje wol no fan boargemaster en wethâlders witte wat dy fine fan de flaters yn de útnûging. "Is it kolleezje it mei de FNP iens, dat yn teksten fan útnûgingen gjin ynhâldlike flaters stean meie?", freget de partij oan it kolleezje. De FNP is ek fan betinken dat de útnûging yn it Frysk wêze moatten hie en ek dat it Frysk de fiertaal wêze moatten hie by de ûntbleating. "By eveneminten en offisjele barrens dêr't de Fryske taal in wichtige rol by spilet, soe it Frysk ek de fiertaal wêze moatte", sa is de FNP fan betinken.
Njonken de FNP is ek de Partij van de Arbeid kritysk oer de gong fan saken by de ûntbleating fan it stânbyld fan Schurer, dy't foar de PvdA yn de Twadde Keamer siet. "Hjir binne gjin wurden foar", is de reaksje fan PvdA-riedslid Betty van der Ven. "Wêrom gjin Frysk gedicht fan Fedde klinke litte, en wêrom gjin Fryske flagge?", sa freget de sosjaal-demokrate har ôf op de sosjale media. Van der Ven fynt it noch pynliker omdat Schurer yn 1951 de grutte man wie achter Kneppelfreed, de striid foar it rjocht om Frysk prate te kinnen op de rjochtbank.