Flintertelling: Fryslân oantrekliker foar flinters yn waarmere simmers

Yn Fryslân binne der mei de lanlike flintertelling van de Vlinderstichting yn in moanne tiid 11.445 flinters teld. Lanlik sjoen binne der sa'n 117.000 túnflinters teld: dat binne sa'n 14.000 tellingen yn 4.500 tunen. De top trije: de nûmerflinter, de deipau-each en de lytse wite koalflinter. It docht bliken dat it noarden oantrekliker wurdt foar guon flinters.
De nûmer 1: de nûmerflinter © Shutterstock.com (NoraBread)
Opfallend wie dat it tal flinters dat yn it noarden fan Nederlân teld waard, in stik heger lei as yn it suden fan it lân. Dat komt neffens Ineke Radstaat is fan de Vlinderstichting troch it waarme simmerwaar de ôfrûne twa jier. "In 2018 en 2019 hadden we twee erg warme zomers. Toen zagen we dat we minder vlinders telden. Als de temperatuur boven de 30 graden is, dan vinden zelfs vlinders dat te warm. Vandaar dat ze zijn opgeschoven naar het Noorden, waar het een paar graden kouder is. Daardoor is het aantal getelde vlinders dit jaar veel hoger in Noord-Nederland."
Neffens de Vlinderstichting wiene der wol regionale ferskillen. De nûmerflinter (yn it Nederlânsk de atalanta) waard lanlik it meast sjoen. Mar benammen yn de noardlike provinsjes. Dêrom tinkt de Vlinderstichting dat de nûmerflinters mear nei it noarden lutsen binne troch de waarme simmers fan de ôfrûne jierren. De lanlike nûmers twa en trije wiene de deipau-each (dagpauwoog) en de lytse wite koalflinter (klein koolwitje).

Noed oer flinterpopulaasjes

Lanlik sjoen binne der mear flinters teld as de ôfrûne twa jier, mar dochs bliuwt der noed oer de flinterpopulaasjes. Want de oantallen komme net yn de buert fan de oantallen dy't tsien jier lyn teld waarden. Grutte fijannen fan de flinters binne de yntinsive lânbou, klimaatferoaring en drûchte. "De afgelopen twee jaren waren er echt heel weinig vlinders, dit jaar valt het mee", seit Radstaat. "Maar als ik het vergelijk met de langere termijn, maak ik me toch echt zorgen. We houden al 12 jaar de vlindertelling en over de gehele linie zien we dat het aantal vlinders echt achteruit gaat. Daar kunnen we met elkaar wat aan doen door vlinders meer ruimte te geven. Wanneer iedereen in z'n tuin 1 of 2 vlinderplanten in z'n tuin zet, dan weet ik zeker dat dit echt zou helpen."
Dielnimmers koene harren waarnimmingen trochjaan fia de webside of app fan Vlindermee. Yn totaal binne der 141 soarten dei- en nachtflinters oantroffen.
Ineke Radstaat fan de Vlinderstichting