Oerwinning op Hommerts-Jutryp nei partoer Bergsma, Drent en Kootstra

Keatsferiening De Boppeslach fan Hommerts-Jutryp hie snein foar it earst yn syn bestean in haadklassewedstriid. De oerwinning gie nei it partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Sy fersloegen yn de finale it partoer fan Menno van Zwieten, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar yn de finale mei 5-4 en 6-6.
© Henk Bootsma
It partoer Van Zwieten wûn fan it toppartoer Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra mei 5-4 en 6-6. De lytse preemje gie nei it partoer fan Enno Kingma, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra, dy't yn de heale finale ferlearen fan Bergsma-en-dy.
Besjoch hjirûnder de ynterfiews mei Marten Bergsma en Renze Pieter Hiemstra: